Ek Friezen folgje Amerikaanske ferkiezingen: "It kin noch alle kanten op"

04 nov 2020 - 07:05

Foar in tal learlingen en dosinten fan it Linde College yn Wolvegea wie it tiisdeitenacht in lange sit, want yn de kantine fan de skoalle wie in spesjale ferkiezingsjûn en -nacht. Sa'n 40 leerlingen fan it vwo hiene harren opjûn foar dizze spesjale jûn mei koarte dokumintêren, spultsjes, diskusjes en chips en kola. Oan de oare kant fan de Atlantyske Oseaan folget Lizabeth Dijkstra fan Hitsum de ferkiezingen. Sy wennet yn New York en sit de hiele jûn by freonen op de bank.

Ek Friezen folgje Amerikaanske ferkiezingen

Biden en Trump stiene beiden op it poadium fan it Linde College yn Wolvegea. Kartonnen byltenissen dan. In soad learlingen soene foar Joe Biden kieze. Mar net allegear, sa seit in learling: "Trump. Omdat ik rechts ben. Hij is de enige optie." En in oar: "Ik vind het lastig, ik vind ze beiden ongeschikt eigenlijk." Wer in oare jonge hâldt alle opsjes noch iepen: "Het kan ook Kanye West zijn hè, hij kan ook nog winnen."

Fan debat ta pubkwis

Dosinte Wendy Landman is ien fan de begelieders. Sy sei tiisdeitejûn: "Wy geane de hiele nacht troch, dus it wurdt noch swier foar ús tink ik. Wy begjinne mei de boargemaster, hy sil de boel iepenje en wy geane mei him yn diskusje. Dêrnei dogge wy in pubkwis en wy sille debattearje. Oer de ferkiezingen, wa't de nije presidint wurde moat." De learlingen fine it leuk. "Het is interessant. En we zijn mogen vrij als we hier zijn, dat is ook belangrijk," laket in jonge. "Ik ben benieuwd of we het volhouden," seit in famke.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Jennifer Penn

Net op de polls fertrouwe

Jennifer Penn wennet sûnt 2006 yn Fryslân, mar is hikke en tein yn de steat Arizona. Dat is in saneamde 'Swing State', in steat wêrfan't de ynwenners net altyd op deselde partij stimme. Eltse ferkiezing kin oars wêze en dus it wichtich wa't de Swing States wint.

"Ik hoop echt dat Biden wint en heb de hele nacht voor de televisie gezeten", seit Penn. Se is drok dwaande om alle polls by te hâlden. "Maar die zeggen niet zoveel, want vier jaar geleden leek Hillary Clinton te winnen. Dat werd ook Trump."

De belutsenens mei har bertelân is noch grut. Yn 2016 wie Penn sels al nei Amearika flein om dêr de oerwinning fan Clinton te fieren. "Toen we zagen dat Trump won, vonden we dat verschrikkelijk. Ik hoop dat het dit jaar dus Biden wordt."

Ferslachjouwer Willem de Vries op it Linde College yn Wolvegea

Lizabeth Dijkstra yn New York

Lizabeth Dijkstra komt út Hitsum, mar wennet no al hast fjouwer jier yn New York. Sy is mei in studintefisum yn Amearika en mei dêrom net sels stimme, mar folget wol de ferkiezingen. "Eltsenien hat it der oer, it is it petear fan de dei. Mar ik haw der wol foar keazen om it nijs net altyd mar te folgjen. Somtiden efkes op in leger pitsje, somtiden moatte je efkes ôfstân nimme. Want der is sa'n soad nijs, safolle mieningen, wylst der noch net iens in soad dúdlik wie. Mar no sitte wy der wol wer fol yn fansels," seit sy.

Sy sjocht de ferkiezingen op jûntiid by freonen thús. "It is echt noch hiel spannend, it kin op dit stuit noch beide kanten op. It hinget op in pear steaten. It iennige wat wy no sjoen hawwe is dat der noch gjin grutte feroaringen west hawwe. It komt nei alle gedachten del op lytse oantallen en stimmen dy't op in oare wize útbrocht binne. Dus fia de post en earder."

De ferkiezingen meitsje in soad los, seit Dijkstra. Al falt dat foar har persoanlik ek wol wer ta. "Der binne mar twa partijen dy't inoar ek bot tsjinwurkje. Dêr komme ek in soad emoasjes by sjen. Hjir yn New York merk ik der net in soad fan, om't dit in hiele blauwe, demokratyske steat is. De measte minsken binne Biden-oanhingers."

Lizabeth Dijkstra fan Hitsum yn New York oer de ferkiezingen

"Utslach sil noch wol efkes duorje"

Ferslachjouwer Hayo Bootsma hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei foar de telefyzje sitten. "Ik haw wol efkes sliept tuskentroch. Mar ien ding is wis nei sa'n nacht: je kinne der neat oer sizze. Doe't ik efkes sliepen gie tocht ik: de ferkiezingen binne foar Trump. En doe't ik de eagen wer iepene tocht ik: no, it kin noch alle kanten op. It is wol echt ôfgryslik spannend. Ik leau net dat wy woansdei de definitive útslach al hawwe."

Dat hat ek mei de opset fan de ferkiezingen te krijen, seit Bootsma. "Je hawwe 270 kiesmannen nedich om de ferkiezingen te winnen. As de útslach mar op in kantsje ôf foar in partij is, dan sil it noch hiel lang duorje foar't der in definitive útslach leit. Dan stappe sy nei de rjochter en moat der werteld wurde."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma woansdeitemoarn oer de ferkiezingen yn de Feriene Steaten

(Advertinsje)
(Advertinsje)