PODCAST: 'It firus en ik' mei it ferhaal fan Nicolien Wolfs

De tredde edysje fan de Verhalenavond dy't opset is yn it Kulturele Haadstêdjier, kin dit jier fanwegen it coronafirus net trochgean. It tema fan de ferhalejûn dit jier soe 'it firus' wêze, mar yn stee dêrfan bringt Omrop Fryslân dizze wike de podcastrige 'It firus en ik'. Fiif dagen lang binne der persoanlike ferhalen te lêzen oer de gefolgen fan it coronafirus op soarchmeiwurkers of minsken dy't soarch krije. Dit is it tredde diel: it ferhaal fan Nicolien Wolfs, dy't wurksum is by Jeugdhulp Friesland.
Nicolien Wolfs wurket as praktykcoach by Jeugdhulp Friesland, sy coacht de behannelers. Fertelle oer bern dy't yn soarch binne is dreech, want je sitte mei privacy. Dochs woe sy meidwaan oan de ferhalejûn om't der foaral in soad omtinken wie en is foar de akute soarch. Dizze bern, en de soarch dy't sy nedich hawwe, bliuwe sa no en dan ûnbeljochte. En dat wylst der hiel wat bart.
"In needgroep foar bern yn deibehanneling, dat haw ik yn al dy 25 jier dat ik hjir wurkje noch nea meimakke", fertelt se yn har ferhaal. Thúswurkje waard it 'nije normaal' en op har wibelkessen foar it skerm mei de safolste meeting heart se allinne mar fan har minsken dat se sa'n soarch hawwe oer al dy bern dy't no thússitte.

De noed nimt ta

Sy wol leaver wat dwaan, sy is gjin stilsitter. Yn har wurk giet it om bern yn de pjutters- en beukersleeftiid dêr't de ûntwikkeling net giet sa as ferwachte. Somtiden sit dat yn it bern, somtiden yn de omjouwing. Faak is it in kompleks fan faktoaren. Yn alle byldbel-sesjes dy't sy hat mei har kollega's, heart se de noed oer de thússittende bern tanimmen.
It berntsje mei de prikelstoarnis, dy't samar útboarte is, of de allinne steande mem yn it asylsikerssintrum en har berntsje. De frou hat trauma's en net genôch romte om each te hawwen foar har bern.
De pakketbesoargers sille wol tocht hawwe, wat moat dizze frou mei al dat guod?
Nicolien Wolfs
Bern ûntwikkelje harren as sy in foarbyld hawwe, Mei oare wurden: sy hawwe ien nedich om it fan te learen. Hoe't grutte minsken it dogge, sa dogge bern it dan ek. De meiwurkers dogge alles om de bern en har âlden yn byld te hâlden. Mei byldbeljen, WhatsAppe, gewoan belje, tips jaan en stypje. Want foar de âlden is it net maklik as je ynienen mei sokke jonge bern, dy't net foar neat yn behanneling binne, thús sitte. Dei yn, dei út.

Boartersguod

Lang om let betinkt Nicolien wat, om dochs wat dwaan te kinnen. Se kin boartersguod bestelle en dat útliene oan al dy bern dy't thús sitte. Boartersguod dat de ûntwikkeling stimulearret. Sy bestelt en bestelt en bestelt, it iene nei it oare pakket komt binnen. "De pakketbesoagers sille wol tocht hawwe", laket se, "wat moat dizze frou mei al dat guod".
Oft it holpen hat? Wis wol. En it guod kin wer op 'e nij brûkt wurde, want sy hawwe der in útliensysteem fan makke, dus it is hartstikke duorsum. Har ferhaal is in konkreet foarbyld fan wat sy dwaan koe yn dizze krisis sûnder yn hoege te gean op yndividuele gefallen om foarbylden te jaan. Sa jout se dochs wat mear ynsjoch yn wat de gefolgen fan it coronafirus op dizze groep is.

In oare kant

In behanneling duorret yn trochsneed njoggen moannen. Dat hat mei de lockdown begjin dit jier trije moanne stillein, dat hat fansels effekt op al dy bern dy't no net har behanneling krije koene. Hoe grut dat effekt is, is dreech te sizzen. Der is ek in oare kant. Thússitte soarge yn guon gefallen ek dat der mear kontakt is, mear ferbining, mei alle prikels dy't fuortfalle. Guon bern hawwe sels in sprong makke yn taalûntwikkeling.

"Zien en gezien worden"

Nicolien fertelt hoe wichtich it is dat âlden harren bern sjogge. "Het is zien en gezien worden." Sjogge je as âlder wat in bern nedich hat, en hast sels de romte om dat dyn bern ek te jaan? Ek dat is wat de krisis bleatleit. Dat jildt ek net allinne foar âlden en bern yn behanneling by Jeugdhulp Friesland, mar foar alle âlden en bern. Der is mear tiid en der binne minder prikels om wier kontakt mei-inoar te meitsjen.
De Verhalenavond waard foar it earst holden yn 2018, foarôfgeand oan de iepening fan it Kulturele Haadstêdjier. Op ferskate plakken yn de provinsje koe elkenien in ferhaal fertelle. Dit jier soe op freed 6 novimber de tredde edysje wêze, mei as tema 'it firus'. Heal oktober waard lykwols dúdlik dat it net ferantwurde wie om minsken op te roppen om byinoar te kommen en hat de organisaasje it beslút naam it net trochgean te litten. De essinsje fan de jûn wie inoar moetsje en live ferhalen fertelle en dêrom bringt Omrop Fryslân dizze wike de podcastrige It firus en ik. Fiif dagen lang is elke dei in persoanlik ferhaal oer de gefolgen fan it coronafirus op soarchmeiwurkers en minsken dy't soarch krije.
Tongersdei wurdt it fjirde diel ferteld, 'Bin ik in krêbebiter' fan Jelle Terwal, oer it krijen fan kanker en neist Brabanners yn it sikehûs lizze. Alle fiif ferhalen kinne harke wurde op omropfryslan.nl/podcast en de bekende podcastkanalen.