Stakingsaksje by aaidoaskefabryk Huhtamaki yn Frjentsjer útsteld

De oankundige aksjes by aaidoaskefabrikant Huhtamaki yn Frjentsjer geane foarearst net troch. Fakbûnen FNV en CNV hawwe de aksjes 24 oeren útsteld, nei't it bedriuw tiisdeitejûn mei in better CAO-oanbod kaam.
Huhtamäki, Frjentsjer © eigen foto
De fakbûnen hoopje woansdeitemoarn de puntsjes op de i sette te kinnen en sille de útkomsten fan it CAO-oerlis dêrnei oan de leden foarlizze. Linda Slagter fan CNV Vakmensen neamt de it nije bod fan de direksje 'hoopgevend maar nog niet zaligmakend.'
Fakbûnen hiene it bedriuw in ultimatum steld om mei in better CAO-oanbod te kommen, oars wiene der aksjes folge. Sy wolle in yn harren eagen earlike leansferheging en in reële swierwurk-regeling. "Dat is voor alle partijen zonder meer de beste uitkomst," seit Slagter.