Coronanijs woansdei 4 novimber

04 nov 2020 - 23:00
  • Der binne woansdei yn Fryslân 75 nije coronabesmettingen fêststeld yn 24 oeren;
  • Op it coronadashboard stiet tenei mear ynformaasje oer corona yn it rioelwetter;
  • Kommissaris fan de Kening Brok ropt op: "Hâld each foar elkoar";
  • Fryske teäters en musea regearje berêstend op de nije coronamaatregels;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan woansdei 4 novimber. Tongersdei is der wer in liveblog oer it coronafirus.

It wichtichste coronanijs fan woansdei op in rychje:

22:41
Gjin ynrin by bieb en buerthûs, aktiviteiten meie wol

Buerthuzen en biblioteken meie wol iepen bliuwe foar organisearre aktiviteiten, lykas húswurkbegelieding en organisearre en besletten deibesteging foar kwetsbere persoanen. Minsken mei problemen kinne op ôfspraak ek noch telâne by buerthuzen. Dat joech premier Rutte oan op oantrunen fan GroenLinks-lieder Jesse Klaver.

Mei yngong fan woansdeitejûn moate biblioteken en buerthuzen, krekt as teäters, musea en bioskopen, harren doarren twa wiken lang slute. Dat is wichtich om it oantal reisbewegings en benammen kontaktmominten te beheinen.

Maatskiplike funksje

Mar om't de bieb en it buerthûs in wichtige maatskiplike funksje hawwe, bygelyks foar minsken dy't iensum binne, komt der dochs in lytse útsûndering. Salang't de "inloopfunctie" mar tichtgiet, meie der wol aktiviteiten organisearre wurde, seit Rutte.

Rutte joech earder yn it debat oer de coronabestriding al oan dat biblioteken wol boeken ôfhelje litte kinne. By de sluting yn it foarjier wie dat ek it gefal.

20:59
Rutte hâldt jûnsklok achter de hân

Premier Rutte is sels ek net bliid mei it foarútsjoch dat yn guon regio's miskien in jûnsklok jilde sil. Mar it is mooglik wol "needsaaklik" om yn bepaalde gebieten minken te ferbieden jûns oer strjitte te gean. Nettsjinsteande ferset út de Twadde Keamer, wol Rutte de maatregel achter de hân hâlde, om't dy helpe kin it oantal besmettings omleech te bringen.

20:47
Aanst ek tests foar minsken nei melding, sûnder klachten

Minsken dy't yn de buert west hawwe fan in besmette persoan mar sels gjin klachten hawwe, meie har ynkoarten ek teste litte op it coronafirus. No is it sa dat dejingen dy't in melding krije fan de app CoronaMelder of in boarne- en kontaktûndersyk, tsien dagen yn thúsisolaasje bliuwe moatte. Soarchminister De Jonge wol it mei yngong fan 1 desimber mooglik meitsje dat dizze minsken sûnder klachten har teste litte, sei hy yn it coronadebat. No meie allinnich minsken mei klachten dat.

Neffens De Jonge moat der earst in oerkapasiteit wêze yn de tests. As dizze groep minsken sûnder klachten derby komt, giet it om 24.000 oant 64.000 minsken deis. "Dat is een forse groep extra. Daarom kan het nu nog niet en moeten we eerst de overcapaciteit opbouwen." Hy ferwachtet dat yn de rin fan novimber, dan wol yn desimber. Hoe rapper, hoe better wat him oanbelanget.

De folgjende groep minsken sûnder klachten dy't hjirfoar yn oanmerking komme soe, binne reizgers.

20:26
Dochs gjin swimlessen

Swimbaden moatte dochs twa wiken lang folslein de doarre slute. De Ryksoerheid makke earder noch bekend de ferswierjende coronamaatregels net foar bern oant en mei 12 jier jilde soene en dat swimlessen trochgean koene, mar komt dêr no op werom. Der mei de kommende twa wiken gjin swimles jûn wurde.

18:33
Kabinet: tal thúswurkers moat 'sichtber' tanimme

It kabinet easket 'sichtbere ferbetterings' op it mêd fan thúswurkjen, seit premier Rutte. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Koolmees fan Sosjale Saken sille dêr freed oer yn petear mei wurkjouwers en fakbûnen.

Noch tefolle minsken wurkje noch net thús. Ut ûndersyk fan it kabinet nei it effekt fan in publykskampanje docht bliken dat krekt wat mear as de helte fan de minken folslein thús wurket as se dêr de mooglikheid ta hawwe. Dat moat better, fynt it kabinet al in skoft. Yn de twadde weach lykje dochs mear minsken nei kantoar te kommen.

It petear mei de bûnen en wurkjouwersorganisaasjes soe eins pas moandei wêze, mar is nei foaren helle. It is neffens Rutte wichtich dat minder minsken nei harren wurk ta reizgje, om't it oars ek te drok is yn it iepenbier ferfier.

18:15
Reisadvys Rutte soarget foar run op fakânsjes nei Curaçao

Reisorganisaasjes Corendon en TUI krije sûnt tiisdeitejûn dúdlik mear boekings binnen foar reizen nei Curaçao. Doe joech premier Rutte op de parsekonferinsje oan dat der in driuwend negatyf reisadvys jildt foar reizen nei it bûtenlân ta oant heal jannewaris. Hy sei lykwolsek dat it Karibyske diel fan it Keninkryk bûten dat advys falt.

Curaçao en Bonêre binne op it stuit de iennichste bestimmings dêr't Nederlanners nei ta kinne op fakânsje. Foar dizze eilannen jildt koade giel. It ministearje fan Bûtenlânske Saken hat Bonêre woanPlannen reedrydbubbel Thialf goedkard; 75 nije besmettingen yn Fryslândsei ek op giel setten. Oant doe jilde oranje.

17:45
Partijen easkje perspektyf op 'testsamenleving'

It kabinet moat mear dúdlikens jaan oer hoe't de kommende perioade der útsjen sil, salang't der noch gjin coronafaksin of -medisyn is, fine ferskate partijen yn de Twadde Keamer. De Keamer fynt dat der folle mear test wurde moat. Dat moat derta liede dat minsken wat mear frijheid krije kinne. Dat perspektyf moat jûn wurde, seit de Keamer.

17:32
'Reedrydbubbel' yn Thialf

De ynternasjonale reedryduny ISU hat it plan om in reedrydbubbel te kreëarjen yn Thialf dochs noch goedkard. Om dy reden binne de EK allround en de EK sprint mei in wike opskood nei 16 en 17 jannewaris. Yn de wykeinen dêrnei sille der twa wrâldbekerwedstriden hâlden wurde yn it iisstadion op It Fean.

Earder woe de ISU noch net oan it plan fan it reedrydbûn KNSB en House of Sports om dit neijier yn Thialf in oantal wykeinen efter inoar wrâldbekerwedstriden te hâlden yn in bubbelkonsept, wêryn't reedriders, begelieders en officials út de ynternasjonale reedrydwrâld in feilige en beskerme omjouwing harren sport beoefenje kinne. It bûn fûn doe de situaasje rûn it coronafirus noch te ûnfoarsisber.

17:15
KNVB presintearret plan

De KNVB hat in plan presintearre wêrmei't it wer mooglik wurde moat om amateurfuotbalwedstriden te organisearjen. It bûn hopet yn it wykein fan 16 en 17 jannewaris de kompetysjes wer op te starten.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)