Steatefraksje GrienLinks yn noed oer oerienkomst oer sâltwinning yn Waadsee

03 nov 2020 - 22:35

De Steatefraksje fan GrienLinks wol fan it kolleezje witte wat de konsekwinsjes binne fan in oerienkomst tusken de provinsje en sâltbedriuw Frisia út 2012. Steatelid Jochem Knol: "Door het ondertekenen van deze brief verplichtte de provincie zich 'er alles aan te doen om de transitie mogelijk te maken' van zoutwinnen onder land naar zoutwinnen onder de Waddenzee."

Foto: Omrop Fryslân

De Steatefraksje is benijd oft Frisia op grûn fan dy oerienkomst oanspraak meitsje kin op rjochten om wer ûnder lân sâlt te winnen as de sâltwinning ûnder it Waad stopset wurde moat.

Sûnt 2020 wint Frisia/Esco sâlt yn de Waadsee by Harns. Neffens GrienLinks ferrint de winning oars as pland en begjinne der hieltyd mear lestige fragen op ferskate terreinen op te spyljen. Bygelyks oer it plak fan de boarrings, de wize wêrop't dat dien wurdt, de hoemannichte sâlt dy't nei boppe helle wurdt en de effekten dêrfan op de natuer.

Ruil

Yn de brief wie der neffens Knol sprake fan in 'ruil'. "Als de overheden deze toezegging deden door middel van het tekenen van de brief, dan zou Frisia/Esco de aanvraag voor een winningsvergunning voor Barradeel Oost (een winput onder land) onherroepelijk intrekken." De brief is yn maaie 2012 fêststeld yn de Steaten en troch Deputearre Steaten dêrnei ûndertekene en weromstjoerd.

"Niet gelukkig met overeenkomst"

Knol: "We waren destijds ook al niet gelukkig met die overeenkomst, omdat we vonden dat een overheid altijd alle belangen tegen elkaar moet kunnen afwegen. Door zo'n overeenkomst met een bedrijf te sluiten, maak je het jezelf moeilijker om dat vrij te kunnen doen."

De Steatefraksje makket him soargen oer de konsekwinsjes fan dy belofte yn 2012. Knol: "Want een andere mogelijkheid is dat, als de zoutwinning onder de Waddenzee onmogelijk wordt gemaakt door het Rijk, maar ook de zoutwinning onder land onmogelijk wordt gemaakt door de diverse overheden, Esco/Frisia mogelijkheden ziet om op grond van die overeenkomst toch zoutwinning onder de Waddenzee af te dwingen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)