Hast fjouwerhûndert boeten útdield yn Fryslân foar corona-oertrêdingen

03 nov 2020 - 21:57

Yn Fryslân hawwe plysje en BOA's sûnt heal maart 399 prosessen-ferbaal útskreaun dy't te krijen hawwe mei oertrêdingen fan de coronamaatregels. Dêrfan binne trettjin boeten foar it net dragen fan in mûlkapke yn trein of bus. Dat docht bliken út sifers fan it Iepenbier Ministearje.

Coronamaatregels - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Yn it hiele lân binne goed 17.000 boeten útskreaun, benammen fanwege it net genôch ôfstân hâlde. Foar it net dragen fan in mûlkapke binne lanlik mear as 3.000 oertrêdingen konstatearre.

De measte oertrêdingen wienen yn de gemeenten Ljouwert (157) en Noardeast-Fryslân (54). Yn de gemeenten Flylân, Skiermûntseach en Tytsjerksteradiel binne gjin boeten útdield.

Boeten foar corona-oertrêdingen de gemeente

Gemeente Needferoardering Mûlkapkes
Achtkarspelen 11 1
Amelân 3 0
Dantumadiel 16 1
Eaststellingwerf 3 0
Flylân 0 0
De Fryske Marren 8 0
Harns 9 3
Hearrenfean 10 2
Ljouwert 152 5
Noardeast-Fryslân 54 0
Opsterlân 1 0
Skiermûntseach 0 0
Skylge 14 1
Smellingerlân 21 0
Súdwest-Fryslân 31 0
Tytsjerksteradiel 0 0
Waadhoeke 37 0
Weststellingwerf 16 0
Totaal 386 13
(Advertinsje)
(Advertinsje)