Deputearre Steaten: wy kinne de wolf net bûten de doar hâlde

Fjouwer partijen, VVD, CDA, Forum voor Democratie en PVV, tsjinnen yn juny in moasje yn tsjin de komst fan de wolf yn Fryslân. Fiif moanne letter seit deputearre Klaas Fokkinga fan de FNP lykwols dat der gjin maatregels naam wurde kinne yn ferbân mei Europeeske wetjouwing: "Wy kinne dy moasje dêrom net útfiere."
Wolven kinne net keard
"Wy hawwe der ekstern nei sjen litten. Yn ferbân mei Europeeske wet- en regeljouwing is it ûnmooglik om dizze moasje út te fieren", seit Fokkinga. De wolf is in beskerme bistsoart yn Nederlân en Europa en kin dêrom net oan de grinzen fan Fryslân tsjinhâlden wurde. In útspraak fan in mearderheid fan Provinsjale Steaten op inisjatyf fan CDA en VVD feroaret dêr neat oan, seit Fokkinga.

Undersyk

De universiteit fan Wageningen ûndersiket op dit stuit de wolvestân yn Drinte. It is dêrby net útsletten dat guon wolven ek wolris Fryslân oandogge. Oant no ta liket it lykwols benammen om 'passanten' te gean en net om wolven dy't permanint yn Fryslân ferbliuwe.
Sadree't dúdlik is dat guon wolven har permanint yn Fryslân fêstige hawwe, wol Fokkinga in gebietskommisje beneame, dy't boeren en oaren yn de streek advisearret hoe't se it beste mei wolven omgean kinne. Fryslân kin dêrby in soad leare fan de ûnderfiningen dy't opdien binne yn Drinte, tinkt Fokkinga.
Deputearre Klaas Fokkinga fan de FNP