Advokate fan neibesteanden Van Seggeren: 'De bern binne de grutste slachtoffers'

03 nov 2020 - 21:22

Nei twa lange sittingsdagen sit de behanneling fan de saak-Van Seggeren der yn heger berop op. Twa swiere dagen foar de neibesteanden fan Tjeerd van Seggeren, sa seit harren advokate Baukje Kooi. "Dat falt nea ta, dit soarte dagen. Alle emoasjes komme wer boppen en se moatte alles wer opnij belibje. Ik fûn dat se harren knap holden hawwe, mar it binne hiel swiere en emosjonele dagen", seit Kooi.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De famylje hat yn it heger berop brûk makke fan harren sprekrjocht. "Dêr woene se hiel graach gebrûk fan meitsjen. Dat hawwe se ek dien. Dat wie in hiel emosjoneel ferhaal fan de mem fan Tjeerd. In hiel moai en 'indringend' ferhaal. Dat nimt in soad fan dizze minsken", seit Kooi.

Dat de widdo fan Van Seggeren de fertochte is, makket it ekstra dreech foar de famylje. "It is en bliuwt de mem fan de bern. Dat is ek wat it sa dreech makket yn dizze saak. En wat as hiel kwetsend ûnderfûn wurdt, is dat der elke kear sein wurdt dat de famylje der belang by hat dat de fertochte fêst sit. Dat kloppet net mei de wierheid", seit Kooi.

"De famylje fynt it ferskriklik dat sy de dieder is. Se sjogge har wol as de dieder fan de moard op Tjeerd. Allinnich se fine it freeslik dat dit no bart, en dat dizze mem fêst sit. Want de bern fan Tjeerd en de fertochte misse harren heit, mar misse ek de mem", seit de advokate.

Grutste slachtoffers

Neffens advokate Kooi binne de bern fan it pear de grutste slachtoffers yn dizze saak. "Dat stiet bûten kiif", seit Kooi. It giet nei omstannichheden lykwols goed mei de bern. "Natuerlik falt it net ta. Se binne noch hiel lyts. De famylje docht der alles oan om de bern sa goed mooglik op te fangen en te begelieden en hoopje dat se goed grut wurde", sa seit Kooi.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust prate mei de advokaten fan beide partijen

(Advertinsje)
(Advertinsje)