Krisiskoördinator MCL: "Verzwarende maatregelen zeker nodig"

De Fryske sikehûzen kinne de druk as gefolch fan it tanimmende oantal coronapasjinten noch goed oan. Dochs binne de ferswierjende maatregels dy't it kabinet tiisdeitejûn oankundige net om 'e nocht. Dat seit Marjan Tijtsma, krisiskoördinator fan it Ljouwerter sikehûs MCL. "Vanuit zorgoptiek hebben we deze maatregelen zeker nodig", seit Tijtsma. De maatregels binne benammen bedoeld om de druk op de sikehûzen te ferleegjen.
MCL over persconferentie
"We willen de zorg zo goed mogelijk in stand houden", seit Tijtsma. It MCL nimt op it stuit in soad pasjinten oer út regio's dêr't de sikehuzen it net mear oankinne. "Vanuit het patiëntenspreidingsplan kunnen wij die patiënten zorg bieden." Dat hat lykwols gefolgen foar de soarch yn de Fryske sikehûzen. "We hebben de reguliere zorg moeten afschalen", leit Tijtsma út.

Genôch romte

Der komme noch eltse dei nije pasjinten by, mar neffens Tijtsma kinne de Fryske sikehûzen it noch goed oan. "We hebben in het MCL nog genoeg bedden voor reguliere zorg en ook in de kliniek is er nog genoeg ruimte." As it moat, kin dat wer opskaald wurde. "Er liggen opschalingsplannen klaar. Zoals het lijkt gaan we onze klinische capaciteit weer opschalen."

Pyk noch net berikt

Neffens minister De Jonge fan Folkssûnens hawwe we yn dizze twadde coronaweach noch hieltyd net de besmettingspyk berikt. "We hebben de komende twee weken nodig om te kijken hoe het zich verder ontwikkelt", seit Tijtsma. Grut ferskil mei de earste weach is neffens har dat it soarchpersoniel no ek siik is.
"Je merkt dat je op een andere manier zorg aan het leveren bent en op een andere manier de crisis benadert." It sikehûs hat dêrom in oantal ôfdielings earne oars ûnderbrocht om personiel frij te spyljen foar coronasoarch. "Zo kunnen we de zorg en de druk nu nog aan."