Kabinet: Publike gebouwen ticht, maksimale groepsgrutte omleech en negatyf reisadvys

03 nov 2020 - 19:25

De kommende twa wiken jildt in 'ferswierringspakket', boppe-op de gedeeltelijke lockdown dy't al jildt. Dat hâldt yn dat publyk tagonklike gebouwen har doarren slute en dat de maksimale groepsgrutte werom brocht wurdt nei twa persoanen. Dêrneist jildt der de kommende tiid in negatyf reisadvys. Dat binne de nije coronamaatregels dy't premier Mark Rutte en minister De Jonge fan Folkssûnens tiisdeitejûn bekend makken op in parsekonferinsje. De maatregels gean woansdeitejûn om 22.00 oere yn.

Nieuwe coronamaatregelen

Neffens premier Rutte "gaat het niet slecht, maar zeker ook niet goed genoeg." De besmettingssifers gean neffens him net rap genôch omleech. "Op veel plekken is het pompen of verzuipen", seit er. De tanimmende druk betsjut dat minsken mei oare oandwanings as it coronafirus net de soarch krije dy't se nedich hawwe. It kabinet komt dêrom mei ekstra maatregels.

Dit binne de maatregels op in rychje:

  • Publyk tagonklike gebouwen ticht

"Minder bewegingen, minder samenkomsten, minder contacten", sa sei Rutte. Dêrom gean publyk tagonklike plakken as musea, teäters, bioskopen, pretparken, bistetunen, buerthuzen, swimbaden en sauna's ticht. Utsûndering binne supermerken, winkels en kappers. Minsken meie noch wol individueel sporte yn de sportskoalle, mar groepslessen binne net mear tastien.

  • Groepen

De maksimale groepsgrutte bûten wurdt werombrocht nei twa persoanen, yn stee fan fjouwer. Húshâldens en bern ûnder de 12 jier binne dêrfan útsûndere. Minsken dy't dat oertrêdzje, riskearje in boete. Thús meie minsken de kommende tiid maksimaal twa gasten ûntfange, yn stee fan trije no. Ek dêryn binne bern útsûndere.

  • Negatyf reisadvys

Der jildt de kommende tiid in negatyf reisadvys. "We willen niet dat mensen die nu in het buitenland zitten het virus mee naar huis nemen", seit Rutte. Oant heal jannewaris wurdt mei klam ôfret om nei it bûtenlân te reizgjen. Reizgje nei de Karibyske dielen fan it Nederlânsk Keninkryk kin wol.

Regionale maatregels

Foar regio's dêr't in soad besmettings binne, kinne ekstra maatregels ôfkundige wurde. It kabinet oerwaget foar dy regio's in jûnsklok en fierdere beheining fan de detailhannel. Ek kin it fuortset ûnderwiis yn dy regio's sletten wurde. "We houden de vinger aan de pols waar dat nodig is", seit Rutte.

Neffens Rutte sil der strang hanthavene wurde op minsken dy't har net oan de regels hâlde. De premier ropt jongerein op om foaral gjin feestjes te organisearjen. "Daar zal streng tegen worden opgetreden."

Neffens Rutte moatte we solidêr wêze mei de minsken dy't yn de soarch wurkje en minsken mei in oare sykte as corona dy't op in operaasje wachtsje. Rutte en De Jonge wiisden derop dat yn dizze twadde weach nei alle gedachten 25 persint mear minsken yn it sikehûs opnaam wurde sille as yn it foarjier.

Omtinken foar elkoar

Rutte hie ek in oprop foar minsken dy't it yn dizze tiid mentaal swier hawwe. "Voor iedereen met depressie, maar ook voor mensen met een kwetsbare gezondheid, wordt het de komende twee weken nog wat ingewikkelder." Om minsken net yn in isolemint bedarje te litten, ropt de premier op om omtinken foar elkoar te hawwen. "Heb een beetje aandacht en interesse voor elkaar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)