Spanning by natuerbehearders, boeren en politisy: woansdei falt beslissing feangreideplannen

03 nov 2020 - 18:28

It binne spannende dagen foar natuerbehearders, boeren en Fryske politisy. Woansdei wurdt in klap jûn op de plannen foar it feangreidegebiet yn ús provinsje. De Fryske deputearren beslisse mei hokker plan se komme. Woansdei wurdt it presintearre yn de Steaten. De fraach is dan, hokker karren wurde der makke.

Feangreide goeie

It feangreidegebiet beslacht sa'n 90.000 bunder yn ús provinsje. Twatredde dêr fan is boerelân mei sa'n 900 boeren. De rest is mar, natuer en wengebiet. It fean yn dit gebiet oksidearret. Dat betsjut dat der soerstof by komt en it fean as it ware ferbrânt. It effekt is dat it lân sakket en minder geskikt wurdt om op te buorkjen. Dat is in probleem foar de boeren. Mar ek de boargers hawwe der lêst fan. Harren huzen fersakje.

Boppedat komt der in soad CO2 by frij en dat is min foar it klimaat. De provinsjeplannen moatte dit proses fertraagje. In hegere wetterstân is ien fan de mooglikheden. Mar dat soarget foar wieter lân en dat makket it foar de boeren dreger om der op te wurkjen.

Maatwurk

Berend Mulder fan Haskerdiken is as boer belutsen by de Stichting Beekdallandschap Koningsdiep - De Nije Boarn. Dêryn wurkje boeren, boargers en natuerorganisaasjes gear oan in proef om it feangreideprobleem yn in gebiet fan 5.000 bunder rûnom Aldeboarn mei-inoar op te lossen. Mulder begrypt dat it sa net trochgean kin op de lange termyn. Foar syn lân hat hy leaver in leger wetterpeil. Mar fanwege de skealike gefolgen dy't dat hat foar de boaiem sjocht hy ek wol dat it wetterpeil omheech moat. Neffens him is der binnen it proefgebiet maatwurk nedich.

Totaal-oanpak

Lenneke Büller is projektkoördinator fan de stichting. Sy is it mei Mulder iens dat der maatwurk komme moat. Mar se sjocht ek dat net elkenien it krije kin sa as se wolle. Guon boeren sille oerstappe moatte op in oare wize fan buorkjen, ferhúzje of ophâlde mei harren bedriuw. Om dat mooglik te meitsjen is in soad jild nedich. De stichting hat sa'n acht miljoen euro beskikber. Mar dat is foar in totaaloanpak noch net genôch. Büller is der mei ynnaam dat de boargers, de boeren en de natuerorgisaasjes by it projekt gearwurkje om ta in goeie oplossing te kommen. Maklik is dat net. Mar se hat der fertrouwen yn dat it goedkomt.

'Valuta voor veen'

Oan de râne fan it proefprojekt is melkfeehâlder Sjoerd Miedema al folop dwaande mei in eigen oanpak fan it feangreideprobleem. Hy hat der foar keazen om rigoereus yn te gripen mei in hege wetterstân op syn biologyske bedriuw. Hy docht ek mei oan it projekt 'Valuta voor veen' dat boeren jild opleveret as se it wetter heger sette en sa CO2 besparje. Syn produksje leit troch in oare wize fan fokken en oar fretten in stik leger as by gongbere boeren. Mar it fee is dêrtroch wol geskikter om op wieter lân te weidzjen. Miedema leaut yn dizze wize fan buorkjen en seit dat it ek kin.

Alle belutsenen binne benijd wêr't de provinsje mei komme sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)