Teäters ticht: Moed sakket makkers hast yn de skuon

De kultuersektor krijt it de kommende tiid nei alle gedachten wer foar de kiezzen. Guon binne krekt wer wat dwaande, faak yn sealtsjes mei in minimale besetting. Mar no meie ek dy net mear trochgean.
Teäters ticht: Moed sakket makkers hast yn de skuon
It hie in moai wykein wurde moatten foar Inez Timmer en Thijs Meester. Harren stik Rjocht út it Hert soe sneon yn premjêre gean yn it doarpshûs fan Weidum. Mar de kâns dat dit trochgean kin liket lyts.
Beide bale as in stekker. Timmer: "Wat my dan stekt is dat de sportskoallen al iepen bliuwe meie mei as argumint dat it goed is om ôf je te reagearjen. Mar kinst dyn holle ek leech meitsje yn in teäter."
Meester is it dêr mei iens. Benammen it gebrek oan wurdearring foar de kultuer stekt harren. "Dan hearst fan minsken dat se dochs net nei it teäter gean. Ach ja, kultuer. Mar dan sis ik op myn beurt: Dan slute we no Netflix, Videoland, radio en tv ôf foar twa dagen. Dat is ek kultuer."
Wannear't it nije stik fan Timmer en Meester no wol yn premjêre gean kin is ûnwis.
Harkje nei in petear mei Inez Timmer