Stoflik omskot fûn yn Noardsee; identiteit ûnbekend

03 nov 2020 - 16:59

Op de Noardsee tusken Flylân en Skylge is tiisdei oan de ein fan de middei in stoflik omskot oantroffen. De plysje hat it lichem burgen.

Plysje ûnderweis nei Skylge - Foto: Omrop Fryslân

It lichem waard oantroffen troch in delfarrend skip, dat de helptsjinsten alarmearre. De plysje docht ûndersyk nei de identiteit fan de ferstoarne persoan en besiket te efterheljen wêr't it lichem wei komt en wat de deadsoarsaak is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)