Hoannen 'terrorisearje' omjouwing wensoarchsintrum Haersmahiem yn Bûtenpost

03 nov 2020 - 16:52

Al in oantal wiken is it kraaien fan in oantal hoannen op de nije bistegreide yn Bûtenpost net fan de loft. Om healwei seizen moarns hinne geane trije hoannen los en wurde buertbewenners meastentiids folle earder wekker as harren leaf is. Ek yn it oangrinzjende wensoarchsintrum Haersmahiem gean de lampkes moarns ien foar ien oan troch it oanhâldende, skrille lûd.

Foto: RTV NOF

Omwenner Alie Terpstra is der sa stadichoan hast wanhopich fan. "Ik moet er eigenlijk tegelijkertijd om huilen en lachen. Want ik ben veganist en houd heel veel van dieren. Maar allerlei verschillende oordoppen helpen niet. Ik ben doodop en kan zelfs mijn werk niet goed meer doen."

Pleatslik belang net ferantwurdlik

Pleatslik belang Bûtenpost is op de hichte fan de oerlêst, mar is der net ferantwurdlik foar. Foarsitter Loes van Denderen seit dat se de klacht trochspylje nei de stichting dy't de bistegreide beheart. "Zij zijn verantwoordelijk voor het reilen en zeilen hier en moeten ervoor zorgen dat het niet uit de hand loopt. Maar ik kan me voorstellen dat dit voor omwonenden heel vervelend is. We houden het in ieder geval met belangstelling in de gaten", seit Van Denderen.

Net allinnich moarns

Yntusken hopet Alie Terpstra dat der troch it omtinken ek echt wat barre sil en dat de hoannen eventueel in oar plakje krije yn Bûtenpost. "Het probleem is ook dat ze overdag gewoon doorgaan met kraaien. De geluidsoverlast blijft dus niet beperkt tot de vroege ochtend. Het is in ieder geval fijn dat er nu aandacht voor is en dat er hopelijk op korte termijn een oplossing komt", seit Terpstra.

Dit is in artikel fan RTV NOF.

(Advertinsje)
(Advertinsje)