Grutte drokte by biblioteek Drachten yn oanrin nei nije coronamaatregelen

It liket derop dat it regear tiisdeitejûn oankundigje sil dat noch mear ynstellings harren doarren slute moatte, yn de striid tsjin it coronafirus. Ien fan dy ynstellingen dêr't se mei spanning wachtsje op de parsekonferinsje is de biblioteek yn Drachten.
© Omrop Fryslân
Noch gau eefkes in pil as trije mei nei hûs, foar't de biblioteek de doarren foar langere tiid tichtdwaan moat. Meardere minsken hiene tiisdei dat idee. Yn Drachten stiene de minsken yn de rige. De drokte wie sels sa bot, dat it maksimale tal besikers berikt wie, en der gjin kuorkes mear wiene. Biblioteekmeiwurker Claudia Mulder: "Mensen moesten gewoon buiten wachten, dat er iemand naar buiten kwam, voordat ze zelf naar binnen mochten."
Sa raar as dit hawwe se it noch net faak meimakke by de byb. "Wij hadden wel verwacht dat het wat drukker zou zijn, maar zo druk is wel een verrassing." De meiwurkers fan de biblioteek wachtsje mei spanning op de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn, se hâlde rekken mei in langere sluting, mar hoopje stikem dochs ek noch dat der in útsûndering foar harren komt.
Mocht dat net it gefal wêze, en moatte de doarren ticht, dan betsjut dat lykwols net dat gjinien mear oan boeken komme kin yn Drachten. "Mensen die administratief werk doen gaan thuis werken, maar mensen van de Front Office gaan gewoon weer een afhaal en bezorgservice opzetten."
© Omrop Fryslân

Gjin boete

Dêrneist kinne de boeken dy't tiisdei fysyk helle binne wer ynlevere wurde yn de boekebrievebus, en dus hoege minsken net benaud te wêzen foar boetes.
Der wie in soad diskusje binnen it kabinet oer de nije maatregels. En ek frou Mulder is wol wat oan it twiveljen oer de maatregels: "Ik snap het wel, maar het is ook jammer."
Eefkes fierderop moetsje wy ien fan de fêste klanten fan de byb, se komt al sûnt 1975 yn it gebou: "Ik vind het heel erg jammer dat hij dicht moet, omdat ik niet van het digitale ben. Dus ik zit niet iedere dag achter de iPad."
Dochs is de sluting net fuortendaliks in ramp foar de echte boekewjirms: "Ik heb nog een hele voorraad liggen in de vensterbank, ik laat me niet zomaar uit het veld slaan hoor, haha!"