Advokaat fan widdo Van Seggeren freget om frijspraak yn heger berop

03 nov 2020 - 16:00

De widdo fan Tjeerd van Seggeren moat frijsprutsen wurde, dat seit de advokaat fan Jessica B., Brian de Pree. Neffens him is der gjin oertsjûgjend bewiis om B. te feroardieljen foar de moard.

Van Seggeren

De Pree seit dat der yn de rjochtsaak gjin each wie foar de skuldfraach. "De rechtbank was er in het vonnis op uit om vast te stellen of mijn cliënt over bepaalde zaken gelogen zou hebben en niet bezig was met de vraag of zij Tjeerd om het leven heeft gebracht."

Neffens de advokaat basearret it Iepenbier Ministearje him dan ek foaral op in ûnderliifgefoel. "Het Openbaar Ministerie stapelt speculatie op speculatie. Dat wordt steeds groter maar het blijft een speculatie."

It IM konstatearre ûnder mear dat Jessica de WhatsApp-applikaasje yn de wike foar de dea fan Van Seggeren meardere kearen fan har telefoan ferwidere. Neffens de plysje om wat te ferbergjen. "Integendeel, het is niet belastend", seit De Pree. Neffens him ferwidere se de app hieltyd om't se fan Van Seggeren gjin WhatsApp ha mocht.

Uwe D.

It IM tinkt dat in omke fan B., Uwe D., Van Seggeren om it libben brocht hat. Hy ferstoar yn maart fan dit jier. Advokaat De Pree neamt dit "niet meer dan een mogelijkheid". Uwe D. hat sein dat hy op de dei fan de dea fan Van Seggeren thús yn Dútslân wie. Dat wurdt befêstige troch syn frou. "En waarom zou ik haar niet geloven?", seit De Pree.

Neffens De Pree is der in alternatyf senario: dat fan in dieder dy't allinnich hannele hat. Plysjes soene in man yn de rjochting fan it greidlân rinnen sjoen hawwe. Neffens de advokaat is der sa'n soad noch ûndúdlik, dat elk senario belêstend wêze kin. "En dus ook ontlastend", sa seit hy.

Foto: CAMJO Media

Advokaat De Pree seit dat hy it fertrouwen yn it IM ferlern is. "Het Openbaar Ministerie is niet bezig geweest met waarheidsvinding maar met het winnen of verliezen van deze zaak." De advokaat beskuldiget it IM fan in moderne heksejacht.

"De werkelijke dader zal nooit worden gevonden. Liever tien schuldigen vrij dan een onschuldige vast", seit De Pree. Dêrom moat neffens de advokaat syn kliïnt frijsprutsen wurde.

Justysje easket 20 jier

It Iepenbier Ministearje easke tiisdei 20 jier sel tsjin Jessica B. Neffens it IM hat Uwe D. Van Seggeren om it libben brocht, mar wie ek B. direkt belutsen by syn dea: "Wie nou precies wat heeft gedaan, is niet van belang. De rol van de verdachte is zo groot dat van medeplegen sprake is", sei de advokaat-generaal.

De eask is gelyk oan de straf dy't de rjochtbank ferline jier oplei.

Utspraak

De útspraak yn it heger berop sil oer fjouwer wiken op tiisdei 1 desimber dien wurde, sa makke de rjochtbank tiisdei bekend.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de saak

(Advertinsje)
(Advertinsje)