Gemeente Harns daget ynwenners út minder ôffal te produsearjen mei app

De gemeente Harns wol mei har ynwenners soargje foar minder ôffal en bettere ôffalskieding. Dat is it doel fan aksjes dy't de gemeente, yn 'e mande mei ôffalferwurker Omrin, fan it foarjier fan 2021 ôf ynset.
© Shutterstock
Foarôfgeand oan dizze aksjes woene de gemeente, Omrin en Tilburg University in ôffalûndersyk útsette. Dat wie lykwols net mooglik, om't der net genôch dielnimmers binne foar it wittenskiplik ûndersyk. De groep dy't him al oanmeld hie foar dit ûndersyk, wurdt belutsen by de nije aksjes.
Yn de ôfrûne fjouwer jier wie 60 persint fan it restôffal yn de gemeente opnij te brûken. De gemeente freget no de help fan al har ynwenners om derfoar te soargjen dat der noch minder ôffal produsearre wurdt. Harns en Omrin wolle dêrom it petear mei harren oangean, bygelyks troch presintaasjes te jaan op skoallen, by doarpsbelangen en wykferienings.

Afvalapp

Dêrneist wol de gemeente ynwenners útdaagje om it gewicht fan harren restôffal omleech te bringen. Fia de saneamde Afvalapp kin eltsenien by eltse leging it gewicht fan de eigen ôffalkontener sjen. Sa kinne se besykje de folgjende kear minder ôffal by de dyk te setten.
De aksjes gean yn it foarjier fan 2021 fan start en binne te finen op harlingersdoenmee.nl. De aksjes wurde in jier lang hâlden, dêrnei sjogge de gemeente Harns en Omrin hoe't de aksjes in ferfolch krije.

VANG-doelstellings

De aksjes binne ûnderdiel fan de VANG-doelstellings fan de Ryksoerheid. VANG stiet foar Van Afval Naar Grondstof. It doel is om 75 persint fan al it húshâldlik ôffal te skieden, sadat de grûnstoffen opnij brûkt wurde kinne. It twadde doel is om te kommen ta in maksimum fan 100 kilo restôffal de ynwenner yn it jier. Yn de gemeente Harns is it gemiddelde restôffal de ynwenner no noch 175 kilo.