Fytser ferwûne by ûngelok yn De Gordyk

03 nov 2020 - 15:28

In fytser en in auto binne tiisdei oan it begjin fan de middei mei-inoar yn botsing kaam op in krúspunt op de Nijewei yn 'e Gordyk. De fytser is oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: SRFotografie

De fytser is mooglik troch in foarrangsflater yn botsing kaam mei de auto. Troch de klap bedarre it slachtoffer op it asfalt, en is dêrnei mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Gordyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)