Fabryksfeart by Stynsgea wurdt lang om let útbaggere

03 nov 2020 - 14:35

Lang hawwe se der op wachtsje moatten, mar dizze wike wurdt lang om let úteinset mei it útbaggerjen fan de Fabryksfeart by Stynsgea.

Foto: Atze van der Ploeg

De Fabryksfeart komt út op it Prinses Margrietkanaal, en al sûnt 2001 wurdt der praat oer it oanpakken fan de fersmoarge feart. It wetter sil no lang om let útbaggere wurde, en ek komt der nije wâlbeskoeiïng.

It wurk wurdt betelle troch de gemeente Achtkarspelen en Wetterskip Fryslân. De plannen foar de oanpak fan de feart binne mei gearstald troch fertsjintwurdigers út Stynsgea sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)