RIVM: Minder besmettingen yn Fryslân én lanlik

03 nov 2020 - 14:22

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 127 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne krekt wat minder as de ôfrûne dagen, doe siet it alle kearen tusken de 130 en 135. Lanlik binne der 7.776 besmettingen fêststeld. Dat binne der goed fiifhûndert minder as in dei earder.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir)

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn Ljouwert (23). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân (19). Skylge, Flylân en Skiermûntseach melde gjin nije besmettingen.

Der binne trije nije stjergefallen meld yn Fryslân. Dat binne ynwenners fan Harns, Ljouwert en Smellingerlân. Der is ien nije sikehûsopname, dat giet om in ynwenner fan Harns.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)