FNP: Frysk net yn Grûnwet, mar yn it Statút

03 nov 2020 - 14:11

De posysje fan it Frysk moat regele wurde yn it Statút foar it Keninkryk. Mei dat foarstel komt de Steatefraksje fan de FNP. Guon partijen yn oanrin nei de ferkiezingen komme mei it foarstel om it Frysk yn de Grûnwet te ferankerjen, mar, seit de FNP: "It Statút is de heechste wet fan ús lân, stiet boppe de Nederlânske Grûnwet en is makliker oan te passen."

Foto: ANP

Twa jier lyn hat de regearing fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie in foarstel ynlutsen om it Frysk yn de Grûnwet te regeljen. De FNP fernimt dat guon partijen yn Den Haag it dêr net mei iens binne. Dêrom wol de partij it no op in oare manier regelje.

Ek Papiamintsk en Ingelsk

"It Statút is net sa bekend, mar it is de alderheechste wetlike regeling fan ús Keninkryk en giet as noarm boppe de Grûnwet", seit fraksjefoarsitter fan Sijbe Knol. "Mei in oanpassing fan it Statút soenen yn ien kear neist it Frysk ek de talen fan de Antillen, it Papiamintsk en it Ingelsk, opnaam wurde kinne. Dat dat net barde, wie earder in kritykpunt by de foarstelde Grûnwetswiziging fan 2010. Wy freegje it provinsjebestjoer om oan de slach te gean mei ús foarstel en dêrfoar ek kontakt op te nimmen mei de regearingen yn Kurasao, Aruba en Sint-Marten."

Om in wiziging yn de Grûnwet troch te fieren, moat der in twatredde mearderheid wêze yn de Earste én Twadde Keamer. De proseduere fan it Statút is in stik minder dreech, seit de FNP: in gewoane mearderheid yn de beide Keamers en mearderheden yn de parleminten fan Kurasao, Aruba en Sint-Marten.

'Gjin ferlet'

De polityk en it bestjoer fan de provinsje Fryslân ha earder al útsprutsen dat it Frysk opnaam wurde moast yn de Grûnwet. De regearing-Rutte III hat dat foarstel twa jier lyn ynlutsen, omdat der gjin 'driuwende maatskiplik ferlet en foldwaande konstitúsjonele ripens' wêze soe. De FNP is it dêr net mei iens en wol no dat de provinsje der opnij wurk fan makket.

FNP-steatelid Sijbe Knol

Trefwurden: 
FNP Fryske taal grûnwet
(Advertinsje)
(Advertinsje)