In skoaldirekteur yn coronatiid: "Je binne foaral dwaande mei krisismanagement"

03 nov 2020 - 13:24

Hoe giet in basisskoalle om mei in coronabesmetting? Omrop Fryslân mocht in moarntiid meisjen by De Paadwizer yn Waskemar. De basisskoalle hat op dit stuit ien learkrêft thús sitten dy't posityf test is op it coronafirus. Om dit op te fangen stiet ek direkteur Edwin Veenstra foar de klasse.

Portret skoaldirekteur Edwin Veenstra

De sike dosint hat net in soad lêst fan it firus. Doe't er klachten krige is hy fuortendaliks nei hûs ta gien en hat er him teste litten. Veenstra fertelt dat de dosint noch wol oan it wurk west hat de dagen dêrfoar. Mar nei oerlis mei de GGD wie in karantêne foar de oare dosinten lokkigernôch net nedich.

Veenstra wurket noch mar sûnt septimber op de skoalle. Sels hat er fjirtjin jier foar de klasse stien, doe't de baan as direkteur yn Waskemar foarby kaam. In hiele útdaging, om yn de coronakrisis te begjinnen as skoaldirekteur. Veenstra: "Je binne foaral dwaande mei krisismanagement. As der nije maatregels binne, moatte je dêr gelyk wer op ynspylje. Bytiden is it in útdaging om it ûnderwiis fersoargjen te bliuwen. Mar ik fyn dat it sa lang mooglik trochgean moat."

Foto: Omrop Fryslân

Foar syn eigen wurk betsjut it dat er alle dagen mei it coronafirus dwaande is. "It is it earste dêr't ik automatysk oan tink. As direkteur komt der in soad by sjen. As ik wekker wurd dan is it earste dat ik doch op myn telefoan sjen om te sjen oft der ek ien siik is." As der om 06.45 noch gjin juf of master siikmeld is, kin Veenstra in stik rêstiger de dei begjinne.

Op de basisskoalle rinne gewoanwei 64 bern, sân learkrêften en ien ûnderwiisassistint rûn. As ien fan de juffen of masters útfalt, lost it team it mei-inoar op. Wat ek betsjutte kin dat Veenstra foar de klasse komt. Mar dat fynt er net slim. "Ik mis it kontakt mei de bern somtiden ek wol. It lesjaan en it oerbringen bliuwt moai."

Veenstra fûn it dêrom ek nedich om it coronafirus mei de bern te bepraten. "Sels haw ik gjin eangst foar corona. Fan 'e moarn hawwe wy it der oer hân mei de bern. It is in ferskynsel dat je net sjen kinne. De iene wurdt hiel slim siik, mar de oar fernimt neat."

Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe giet in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?

(Advertinsje)
(Advertinsje)