Feilichheidsregio: reitsje deade fûgels net oan

03 nov 2020 - 12:42

Wa't deade fûgels fynt yn it Waadgebiet, moat dy net oanreitsje. Mei dat advys komt de Veiligheidsregio Fryslân. De fûgels binne nei alle gedachten troffen troch de fûgelgryp. Minsken moatte de deade fûgels melde by it Dutch Wildlife Health Centre (DWHC).

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Melde by it DWHC moat as immen ien of twa deade wylde einen, swannen of guozzen fynt. Of minder as tweintich oare wylde fûgels. Wa't mear as dat fynt, moat belje mei it lanlik meldpunt foar bistesykten op (045) 54 63 188.

Hûnderten deade fûgels

De ôfrûne dagen binne der oan de Fryske Waadkust hast twahûndert deade fûgels fûn. De ferwachting is dat dat de kommende tiid fierder oprint. Foar it wykein waarden op It Amelân al ferskate pauguozzen fûn dy't de fûgelgryp hiene.

It risiko dat minsken fûgelgryp krije, is hiel lyts. Allinnich wa't yntinsyf en lange tiid yn kontakt is mei besmette bisten, rint risiko. Om dat risiko sa lyts mooglik te hâlden, kinne minsken de fûgels dus better net oanreitsje. Wa't de bisten wol oanrekket, moat dêrnei goed waskje.

Der is sûnt oardel wike al in lanlike ophokplicht foar kommersjele plomfeebedriuwen. It advys is ek oan eigeners fan hobbyfûgels om de bisten ôf te skermjen, sa't der gjin kontakt is mei wylde wetterfûgels of harren stront.

(Advertinsje)
(Advertinsje)