Grinslanners demonstrearje by Ljouwerter gerjochtshôf

03 nov 2020 - 12:31

In opfallende aksje tiisdeitemoarn op de stoepe foar it gerjochtshôf yn Ljouwert: in groepke fan fjouwer Grinslanners hâlde dêr in demonstraasje tsjin it Iepenbier Ministearje.

Grinslanners demonstrearje by Ljouwerter gerjochtshôf

De Grinslanners hawwe ûnder oare in koai op it Saailân delset, mei dêryn in man yn boevepak. It moat de NAM symbolisearje, sa sizze de demonstranten. Want de Groninger Bodem Beweging is klear mei it wachtsjen op it Iepenbier Ministearje.

De Groninger Bodem Beweging die fiif jier ferlyn mei tolve dupearre Grinslanners oanjefte tsjin de NAM, om't it bedriuw nettsjinsteande de ierdbevingen trochgiet mei it winnen fan gas. Mar it Iepenbier Ministearje woe doetiids net ferfolgje.

Boel wekker skodzje

It gerjochtshôf Ljouwert-Arnhem hat yn 2017 lykwols oanjûn dat it Iepenbier Ministearje wol oer de brêge komme moat. It ûndersyk fan it Iepenbier Ministearje is yntusken klear, mar se hawwe noch hieltyd gjin útspraak dien. Dêrom komme de Grinslanners tiisdei in aksje, om de boel wekker te skodzjen.

Foto: Omrop Fryslân

Demonstrant Koert Vossen: "Eigenlijk is onze boodschap, officieren laat jullie stem eens horen, kies voor Groningen en doe een uitspraak om de NAM te vervolgen."

De lilkens sit heech by de demonstranten, sa seit Vossen. "Volgens ons is het door blijven gaan met de gaswinning een criminele daad, want je brengt mensenlevens in gevaar!" It is neffens de aksjefierders it safolste haadstik yn de Grinslanner ellinde, wêrby't minsken fierstente lang wachtsje moatte op aksje.

Ferslachouwer Johanna Brinkman wie by de demonstraasje

Trefwurden: 
demonstraasje rjochtbank NAM
(Advertinsje)
(Advertinsje)