Nij akkoart oer mokselfiskerij Waad, mar gjinien is der gelokkich mei

03 nov 2020 - 12:06

Der leit in prinsipe-akkoart op tafel om de mokselfiskerij op it Waad yn 2029 duorsum te meitsjen. Nei twa jier ûnderhanneljen ûnder lieding fan âld-minister Hans Alders leit dat akkoart der tusken de sektor, de belutsen oerheden en de organisaasjes dy't opkomme foar it natuerbelang. It is lykwols in kompromis dêr't gjinien hiel gelokkich mei is.

In mokselsiedynfangynstallaasje by Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der binne nije ôfspraken nedich omdat in wichtich doel út in yn 2008 ôfsletten konvenant net helle wurdt. Dêr stie yn dat de mokselfiskerij wêrby't de Waadboaiem fersteurd wurdt, ophâlde moat. Ien en oar docht bliken út stikken dêr't Omrop Fryslân oer beskikt en út petearen mei belutsenen de ôfrûne moannen.

Kweken fan moksels sit fûgelfretten yn it paad

Probleem is no dat de measte jonge moksels - it saneamde mokselsied - fan wylde mokselbanken ôfhelle wurdt, om dêrnei op kweekperselen yn it Waad op te kweken ta in formaat dêr't se yn Seelân wat mei kinne. Dat sit de foarming fan natuerlike mokselbanken yn it paad en dy binne wichtich as fretten foar fûgels en as saneamde 'biobouwer'; in soarte fan natuerlik rif.

De bedoeling wie dat dit jier al it mokselsied fongen wurde soe mei saneamde mokselsiedynfangynstallaasjes (MZI's). It mokselsied, dat troch it Waad sweeft, set him dan ôf op touwen of netten ûnder wetter. Dat doel is lykwols net helle. Mar 28 prosint fan it mokselsied wurdt op dizze wize fongen. It opskalen derfan rint trouwens ek tsjin problemen oan yn it stikstofdossier.

Noardsee as alternatyf

No leit der dochs in soarte fan akkoart, wêrby't yn 2029 de mokselsiedfiskerij wol 100 prosint duorsum wêze moat troch al it mokselsied folslein mei dy MZI's te fangen. Dêrfoar moatte der nije fangstynstallaasjes by komme en soene besteande MZI's foar in part ferhúzje moatte nei plakken dy't riker binne oan mokselsied. Dat wie in hiele wrakseling, omdat guon fan dy nije plakken sa wichtich binne foar de natuer dat de natuerbeskermers dêr gjin fiskerij ha wolle.

Der is ek nei de Noardsee sjoen as in alternatyf. Fiskers moatte foars ynvestearje om dizze omslach te meitsjen en freegje dêrfoar ekstra jild fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij (LNV) of út Europeeske fûnsen. Dat jild liket der net te kommen. Foar 1 desimber moatte de partijen witte litte oft sy akkoart binne mei it nije ûnderhannelingsresultaat dat taheakke wurdt oan it konvenant út 2008.

Kontrôle-aksje yn it Waadgebiet mei in mokselfisker op de achtergrûn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Oft de natuerorganisaasjes - feriene yn de Coalitie Wadden Natuurlijk (CWN) - akkoart geane, is ûnwis. De ûnderhannelers ha ien en oar no foarlein oan harren achterban. De natuerbeskermers wolle der wis fan wêze dat yn 2029 de hiele sektor oerskeakele is nei in duorsume mokselsiedfiskerij. Earder is dat al in kear mislearre. It ministearje fan LNV wol lykwols net útslute dat der yn 2029 dochs fergunnings jûn wurde foar de tradisjonele moskselsiedfiskerij.

Boppedat is der sa goed as gjin jild fan it ministearje beskikber foar natuerwerstel; dêrfoar moatte de partijen oanfragen yntsjinje by Waadfûns. Takenning fan de oanfragen is net wis en der moat dan ek wer jild by fan de provinsjes en LNV.

Gjin akkoart? Nei de rjochter

Yn it akkoart binne deadlines opnaam oer wannear't gebieten ôfsletten wurde foar de tradisjonele, net duorsume mokselsiedfiskerij. De earste twa deadlines smite al in ferdûbeling op oan gebieten dy't ôfsletten wurde foar dizze fiskerij. Dat is winst foar de natuerbeskermingsorganisaasjes. Ek omdat se dat foar de rjochter oerein hâlde kinne. Mar de 100 prosint omskeakeling yn 2029 bliuwt ûnwis.

Gjin akkoart betsjut dat de natuerorganisaasjes by de Ried fan Steat besykje moatte om de fergunnings foar de mokselsiedfiskerij ûnderút te heljen. Dat is al ien kear slagge, mar der is gjin garânsje dat it wer slagget. As dat mislearret, hat alle ynset op in akkoart ta neat laat. Mar ek de fiskers nimme dan in risiko. As de fiskerij ûnfoldwaande duorsum is, kinne sy harren MSC-karmerk foar sertifisearre fiskerijen kwytreitsje, dat no foar in hegere ferkeappriis soarget.

Elkenien sear

Wat der no op tafel leit, is dúdlik in kompromis dat eltsenien sear docht. En dat komt mei trochdat sawol fiskerij as de natuer freget om jild fan it Ryk, dat der net liket te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)