Doarpen roppe Waadhoeke op om fytspaad oan te lizzen by gefaarlike dyk

03 nov 2020 - 11:25

De ynwenners fan Winsum, Dronryp, Wjelsryp en Baaium freegje tongersdei oan de gemeenteried fan Waadhoeke om te sjen nei de oanlis fan in fytspaad tusken harren doarpen. De dyk dêr't fytsers no gebrûk fan meitsje is drok en ûnfeilich, sa seit de lokale mienskip.

Alvestêdefytsers by Dronryp - Foto: Klaas Koopmans

De dyk tusken Winsum, Baaium en Dronryp stiet al jierren bekend as in drokke en ûnfeilige dyk, dêr't sawol fytsers as fuotgongers de romte diele moatte mei al it oare ferkear. Dit binne sawol grutte lânboumasines as hurdridende auto's.

Subsydzje

Foar de oanlis fan dizze twa kilometer oan fytspaad, kin de gemeente Waadhoeke neffens de doarpen noch oant 2021 subsydzje krije fan de provinsje Fryslân. Dêrnjonken is der al grut wurk pland oan de dyk yn it nije jier. Troch it wurk te kombinearjen mei de oanlis fan in fytspaad, kin de gemeente mooglik jild besparje.

It draachflak foar de oanlis fan in fytspaad is grut. Neffens de doarpen hawwe ek boeren yn de omjouwing al tasein dat se meiwurkje wolle oan it plan.

De hoop is no dat de gemeenteried de plannen opnimt yn harren begrutting foar 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)