Justysje easket 20 jier tsjin widdo fan Van Seggeren: "Dit is het enige aannemelijke scenario"

03 nov 2020 - 12:45

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei tweintich jier sel easke yn it heger berop fan de saak tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren, Jessica B. Neffens it IM is se meiplichtich oan de moard op Van Seggeren. It IM tinkt dat in omke fan B., Uwe D., Van Seggeren om it libben brocht hat. De eask is gelyk oan de straf dy't de rjochtbank ferline jier oplei.

Van Seggeren

De widdo is folslein tarekkenber. Neffens de advokaat-generaal is in lange straf op syn plak. "Tegen beter in houdt ze vol onschuldig te zijn. Dat neem ik haar ernstig kwalijk."

Hantlanger Uwe D.

De advokaat-generaal seit dat der oanwizingen binne dat de widdo in hantlanger hie. Sy binne sjoen troch in tsjûge.

Neffens it IM is dat Uwe D. Yn april kaam in brief binnen dy't skreaun wêze soe troch D., wêryn't hy tajout ferantwurdlik te wêzen foar de dea fan Van Seggeren. Uwe D. ferstoar yn maart fan dit jier.

Fanwegen it swiere letsel fan Van Seggeren, en it ferskil yn postuer tusken Jessica B. en him, is it neffens it IM net mooglik dat de widdo Van Seggeren om it libben brocht hat.

Wol soe Jessica B. direkt by de moard belutsen west ha. "Wie nou precies wat heeft gedaan, is niet van belang. De rol van de verdachte is zo groot dat van medeplegen sprake is", sei de advokaat-generaal.

De widdo soe ek in jildlik foardiel ha by de dea fan Van Seggeren, sa stelt it IM. It pear hie yn 2015 in libbensfersekering ôfsletten fan seishûnderttûzen euro en se soe it jild nedich ha foar har uterlik: "Kleding, make-up en plastische chirurgie."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)