Utjouwer Ernst Bruinsma oer Josse de Haan: "Hy roeide altyd tsjin de stream op"

03 nov 2020 - 10:50

In skriuwer dy't altyd tsjin de stream yngie, sa omskriuwt freon en útjouwer Ernst Bruinsma Josse de Haan. De skriuwer ferstoar snein yn it sikehûs fan Bayonne yn Frankryk.

Utjouwer Ernst Bruinsma oer Josse de Haan

De literatuer spile in wichtige rol yn it libben fan Josse de Haan (79), fertelt freon en útjouwer Ernst Bruinsma. "Hy is yn Peins berne en hoewol't er waarm oan syn jeugd weromtocht, tink ik dat er pas libjen gien is doe't er op de Kweekskoalle kaam. Dêr ûntduts hy de literatuer en ek de eksperimintele literatuer. Hy hat altyd in skriuwer west dy't altyd yn de streamen op roeide."

Dat waard him net altyd yn tank ôfnaam troch literatuerkritisy. "Dat wie wol it ferwyt fan kritisy, dat se fûnen dat hy net tagonklik genôch wie of dat hy it de lêzer wol hiel dreech makke."

Magnum opus

Koartlyn noch kaam it boek Passys út. "Dat is tink ik syn magnum opus, syn moaiste roman", seit Bruinsma. "Dêr hat er ek fiif jier oan wurke. It wie de bedoeling dat dy yn jannewaris útkomme soe, mar gelokkich ha wy it oprêden de roman flugger út te bringen. Eins de hiele simmer hat er der noch oan wurke."

Foto: Omrop Fryslân

De Haan krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn boek Piksjitten op Snyp, mar dat is neffens Bruinsma net syn bêste wurk. "Dat tocht ik altyd, mar dat fyn ik no Passys. In roman oer syn hiele libben oan de hân fan de froulju dy't belangryk foar him west ha. Yn Frankryk neame se dat autofiction, dat is sawol autobiografy as fiksje. Ik hie him wolris frege om dy oantinkens op te skriuwen, want hy hie prachtige ferhalen. Doe sei er op in dei: dat doch ik wol, mar op myn eigen manier. Dat is Passys wurden."

Ernst Bruinsma

Yn novimber 2018 wie Josse de Haan even werom yn Fryslân. Simone Scheffer prate mei him yn Buro de Vries, ûnder oare oer it ferskil fan taalbelied yn Baskelân en Fryslân.

Josse de Haan yn novimber 2018 yn Buro de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)