De tiid driuwt foar soarchsintrum De Nieuwe Stelp op It Amelân

03 nov 2020 - 10:39

De tiid wurdt hieltyd krapper foar soarchsintrum De Nieuwe Stelp op It Amelân. Foar 31 desimber moat de gemeenteried in beslút nimme oer de nijbou. Op dy datum rint de oerienkomst tusken de KwadrantGroep en de gemeente ôf. It is ûndúdlik oft hjirnei de 1,3 miljoen euro fan soarchfersekerder De Friesland noch wis binne foar it plan.

Wensoarchsintrum De Stelp yn Hollum op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Op 1 jannewaris fan it nije jier fusearret De Friesland mei Zilveren Kruis, en dêrmei ferrint ek de garânsje foar de 1,3 miljoen euro. De gemeente Amelân hat 3,2 miljoen euro yn de begrutting opnaam foar it plan, mar dêrmei is mar de helte fan it plan te beteljen. De 1,3 miljoen fan De Friesland moat dus binnenhâlden wurde.

De gemeente freget de riedsleden dêrom om op 23 novimber yn te stimmen mei it tariedingskredyt fan 875.000 euro. Mar der binne noch genôch riedsleden dy't fragen hawwe oer dizze jildstreamen.

Trajekt fan jierren

Al sûnt 2004 wrakselet It Amelân mei de plannen foar in nij soarchsintrum foar âlderen. It hjoeddeistige gebou foldocht net mear oan de easken. Ferskate plannen hawwe op tafel lein, mar yntusken praat It Amelân alwer in tal jierren mei de KwadrantGroep.

Wethâlder Piet IJnsen tinkt dat er it jild wol byinoar krijt. Hy hat hege ferwachtings dat der noch wol wat út it fallissemintspotsje fan Pasana weromkomt, en hy sil noch sykje nei subsydzjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)