Gjin diskusje yn Weststellingwerf oer stânbyld Peter Stuyvesant

03 nov 2020 - 10:06

De ried fan Weststellingwerf tinkt der net oan om in maatskiplik debat te hâlden oer Peter Stuyvesant. It ûnôfhinklik riedslid Marlène Postma besocht moandei sa'n debat op poaten te setten, mar dat mislearre.

Foto: Omrop Fryslân

Rûnom yn de wrâld en ek yn Nederlân wie der ôfrûne simmer in soad diskusje oer stânbylden fan histoaryske figueren dy't mooglik in tsjustere kant hiene. De wjerstân tsjin dit soarte bylden begûn nei oanlieding fan anty-rasismedemonstraasjes.

Gûverneur

Peter Stuyvesant, âld-ynwenner fan de gemeente Weststellingwerf, hie gjin problemen mei slavehannel en kolonialisme, doe't hy as gûverneur oan it wurk wie yn Nij-Amsterdam. De trije monuminten foar Stuyvesant steane lykwols net ta diskusje yn Weststellingwerf.

Neffens Blijf Stellingwerf sit de 'gemiddelde ynwenner fan de gemeente' net op sa'n diskusje te wachtsjen. Ronald Westenberg fan D66 fynt dat de definysje fan 'omstreden persoan' net dúdlik is. Neffens him kinne je dan ek de Prins Bernhardleane ta diskusje stelle, nei oanlieding fan de Lockheed-affaire.

Plakette

Neffens boargemaster Andre van de Nadort is it dreech, dan wol hast net te dwaan om histoaryske figueren te beoardieljen neffens de wearden en noarmen fan hjoed de dei. Hast de folsleine gemeenteried wie dit mei him iens.

Riedslid Postma jout it lykwols noch net op. Se wol de bylden ek net fuort hawwe, mar in ekstra plakette derop hawwe mei tekst en útlis oer de persoan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)