Amearika kiest: "It kin wol wiken duorje"

03 nov 2020 - 09:04

Trump of Biden? Dat is de fraach dy't tiisdei goed 300 miljoen Amerikanen dwaande hâldt, mar ek dêrbûten in hiel soad. Ien fan harren is Omrop Fryslân-sjoernalist Jeroen Boersma fan Harich. "Myn ferloofde wennet dêr, dy komt derwei. It is de bedoeling dat ik dêr takom jier ek wenje."

Amearika kiest

It lân sit no op slot, fanwege it coronafirus. Dêr feroarje de ferkiezingen ek neat oan. "It lân giet net samar iepen as Biden wint, mar hooplik feroaret de sfear wol wat. De ferdieldheid is dêr al grut en Trump wakkeret dat ek hiel bot oan. Ik hoopje dat it wat rêstiger wurdt, as Biden wint."

Kiezers bringe har stim út yn Maryland - Foto: ANP

Prachtich lân en geweldige minsken

Mar ek as Trump wint, is Jeroen fan doel om syn Amearikaplan troch te setten. "It is wol in hiel bot ferdield lân, mar net alles hat mei polityk te krijen. It is ek in prachtich lân, de natuer is geweldich en de minsken dy't ik oant no ta moete ha, binne geweldige minsken. Dus ek as Trump wint, wol ik der hiel graach wenje."

Fannacht al dúdlikheid of pas oer wiken

Jeroen sit tiisdei de hiele nacht foar de telefyzje en dan noch is it mar de fraach oft oan de ein fan de nacht dúdlik is wa't de kommende fjouwer jier presidint is. "As steaten dy't der echt ta dogge direkt ien kant op geane, dan is it miskien fannacht al dúdlik. Mar as it dêr spannend bliuwt, dan kin it noch wolris wiken duorje. Dat komt ek wer troch it coronafirus, want in hiel soad minsken ha mei de post stimd, of har stim earder útbrocht. Dy moatte allegear noch teld wurde, dus dan duorret it noch hiel lang."

Hoe't it mei Jeroen syn trouplannen komt, is noch net wis. "Ik sil op 26 juny trouwe, flakby Los Angeles. As dat net trochgean kin, dan skowe we wat op. We moatte sjen hoe't it rint, mear sinnichs is der net oer te sizzen. Sûnt novimber foarich jier ha ik der net mear west. Yn desimber gean ik earst nei Meksiko, want as ik dêr twa wiken west ha, mei ik Amearika yn. Ik bin hiel benijd watfoar Amearika ik dan oantref."

(Advertinsje)
(Advertinsje)