Kollum: "In stive leuter foar Amearika"

03 nov 2020 - 08:50

"'Fansels wie Amearika al withoefaak foar Columbus ûntdutsen, mar se hiene dat hieltyd wer yn de dôfpot tropje kinnen.' In útspraak fan Oscar Wilde. Hoewol't de man al yn 1900 stoarn is, seit it sentimint fan dy opmerking genôch oer hoe't de wrâld altyd tsjin de Feriene Steaten oansjoen hat. Dat is te omskriuwen as in miks fan bewûndering, ôfgriis en jaloerskens.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Fryslân yn 't bysûnder hat in bân mei Amearika. Ommers, it gewest Fryslân wie it earste dat yn 1782 de Feriene Steaten fan Amearika erkende. Dêrnei folgen alle Nederlânske gewesten it Fryske foarbyld. John Adams, de man dy't himsels ambassadeur neame mocht, skreau yn 1783 in brief oan de soasjeteit Door Vrijheid en IJver yn Ljouwert. Dêryn stelt er dat de erkenning fan Fryslân foar Amearika in 'kritieke beslissing' wie, dy't in 'ontknoping van grote dingen heeft opgewekt en zeer heeft bijgedragen aan het bespoedigen van vrede'. Dat skriuwen hat Fryslân sûnt in stive leuter besoarge, as it oer Amearika gie.

Amearika ûntjoech him ta in wrâldmacht en waard in ljochtsjend foarbyld, in beaken fan demokrasy, frijheid en progressy. In foarbyld dat noch noait sa út it lead hongen hat as no. It lân is ûngelyk en ûnrjochtfeardich wurden. Yn de sûnenssoarch, it ûnderwiis, it finzenissysteem en yn it ferdielen fan de ynkomsten. It ferskil yn libbensferwachting tusken earm en ryk yn bygelyks in stêd as Chicago is tritich jier. Noait earder yn syn relatyf jonge bestean hat Amearika sa ferdield west. Net inkeld troch sosjale ferskillen, mar ek troch rasiale spannings.

Dat is likefolle de skuld fan de demokraten as fan de republikeinen, likefolle de skuld fan Trump as fan syn demokratyske foargongers. Want hoe kin it dat it lân fjouwer jier lyn foar in sakeman keas, en net foar in politikus? Wat hat in grut part fan de Amerikaanske maatskippij derta brocht om it establishment oan 'e kant te skowen, om yn stee dêrfan te kiezen foar in tv-persoanlikheid mei nul politike ûnderfining? Dy fragen hiene de demokraten ûnder eagen sjen moatten. Under eagen sjen en beäntwurdzje.

Blykber wie it eigen falen dêr lykwols te pynlik foar. Folle makliker wie it om op it hanneljen fan Trump te fokusjen. Dêr joech The Donald ek alle oanlieding foar. Dochs wie en is it de swakte fan de demokraten om net nei de eigen ynhâld te sjen. Mei fan gefolgen dat de Demokratyske Partij in kandidaat hat dy't net oertsjûget en ynspirearret, dy't sels slimmer is as Trump as it om ymperialisme en sunich oerheidsbelied giet. In kandidaat dy't neat docht dêr't út blykt dat hy in better alternatyf is.

De fraach dy't wy ús nei de ferkiezings fannacht yn Amearika stelle kinne, los fan de útslach, is dus dizze: komt it oait noch goed mei the land of the free and the home of the brave? Kin Fryslân oait noch grutsk mei in stive leuter omrinne fanwege ús histoaryske bân mei Amearika?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)