Tiisdei eask yn heger berop saak-Van Seggeren

03 nov 2020 - 07:51

It Iepenbier Ministearje komt tiisdei mei de eask tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren. Hy waard yn july 2017 dea oantroffen by De Westereen. Syn widdo is ferline jier feroardiele ta tweintich jier sel foar de moard op har man, mar gong yn heger berop.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op de earste dei fan it heger berop, moandei, hat de rjochter mei de fertochte Jessica B. benammen sjoen nei wat der barde yn de nacht fan 8 op 9 july, de nacht dat it lichem fan Van Seggeren fûn waard. De fertochte reagearre moandei op ferskate mominten emosjoneel. "Ik word op elk woord gepakt dat ik heb gezegd", sei se. "Dat is is verschrikkelijk. Omdat het allemaal aannemelijk wordt gevonden, heb ik twintig jaar cel gekregen."

De famylje fan Van Seggeren wol in skeafergoeding en in hegere straf foar de fertochte, fanwegen de 'gruwelijkheid' en it feit dat se trije jonge bern har heit ûntnaam ha soe.

Eask

Tiisdei begjint dei twa yn de hegerberopssaak om 9.00 oere. Dan komt earst de advokaat-generaal fan it Iepenbier Ministearje mei syn rekwisitoar en de eask. Dêrnei komt advokaat Brian de Pree fan de fertochte oan it wurd.

Folgje it twitterferslach fan Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sit yn de rjochtsseal en docht op Twitter ferslach fan de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)