Liveblog | 3 novimber 2020

Coronanijs fan 3 novimber: Kabinet komt mei 'verzwaringspakket' | 127 nije besmettingen yn Fryslân

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 3 novimber 2020, 22:59
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 3 novimber. Woansdei is der wer in liveblog oer it coronafirus.
De wichtige punten fan it coronanijs fan tiisdei:
22:31

Keamer stiet iepen foar tydlik fjoerwurkferbod

In mearderheid fan de Twadde Keamer stiet iepen foar in tydlik fjoerwurkferbod by de kommende jierwikseling om op dy wize de druk op de soarch te ferminderjen. Ferskate partijen wolle wol earst witte fan steatssekretaris Stientje van Veldhoven (Miljeu) oft de maatregel effektyf en útfierber is, foardat se ynstimme.
Van Veldhoven komt oer twa wiken mei mear dúdlikens. GrienLinks fynt dat let en wol dat it kabinet fluch in knoop trochhakt. Neffens de steatssekretaris kin it net earder, om't se earst ôfstimme moat mei oare ministers. Se begrypt wol dat de fraach der dit jier leit.
22:27

Fries Museum pakt it sportyf op

22:22

Noordelijk Film Festival ôfsein

It Noordelijk Film Festival dat fan 11 oant 15 novimber pland stie giet net troch. Dat meldt de organisaasje. De foarstellingen stiene pland yn Slieker en Pathé Ljouwert, De Bios Hearrenfean, De Lawei Drachten en De Koornbeurs yn Frjentsjer. Dy meie fanwegen de nije coronamaatregels lykwols net mear iepen.
"We gaan snel om tafel met ons team en overleggen met genoemde bioscopen en filmtheaters om te kijken of er nog mogelijkheden zijn om het programma op een later moment te presenteren", skriuwt de organisaasje.
22:21

Hast fjouwerhûndert boeten útdield yn Fryslân foar corona-oertrêdingen

Yn Fryslân hawwe plysje en BOA's sûnt heal maart 399 prosessen ferbaal útskreaun dy't te krijen hawwe mei oertrêdingen fan de coronamaatregels. Dêrfan binne trettjin boeten foar it net dragen fan in mûlkapke yn trein of bus. Dat docht bliken út sifers fan it Iepenbier Ministearje.
De measte oertrêdingen wienen yn de gemeenten Ljouwert (157) en Noardeast-Fryslân (54). Yn de gemeenten Flylân, Skiermûntseach en Tytsjerksteradiel binne gjin boeten útdield.
21:04

Mearderheid Keamer tsjin ôfbou coronastipe

In mearderheid yn de Twadde Keamer fynt it gjin goed plan om it ekonomyske stipepakket ôf te bouwen nei 1 jannewaris. De maatregels om de twadde coronaweach te beheinen reitsje de ekonomy hurd. In soad opposysjepartijen sizze dêrom al langer dat it ûnferstannich is om de stipemaatregels te fersoberjen. Ek VVD en D66 gean dêr no yn mei.
VVD'er Thierry Aartsen seit op oantrunen fan de PVV dat "de kans dat die versoberingen doorgaan, heel heel klein is". In foarstel om it ôfbouwen fan de maatregels tsjin te gean, wol de grutste partij noch net fuort stypje, mar it is wol wichtich om ûndernimmers gau wissicheid te jaan.
It kabinet hat noch altyd tasein yn desimber te sjen nei de plande ôfbou fan de maatregels nei de jierwiksel. Bedriuwen krije fan dan ôf relatyf minder stipe en komme pas by in grutter omsetferlies yn oanmerking foar bepaalde regelings.

Pakket azemet mei

Mar, sa sei it kabinet hieltyd mei klam, "het pakket ademt mee", trochdat de hichte fan it subsydzjebedrach by de measte regelings ôfhinget fan hoefolle omset in bedriuw ferliest. Moat in brânsj ticht dan falt de omset frijwol folslein fuort, en sil dus ek de stipe heger wêze as by bedriuwen dy't de helte fan harren omset ferlieze.
Ek koälysjepartij D66 freget him ôf oft it wol ferstannich is om de ôfbou troch te setten. "Is het dan nog gepast om de versobering van het pakket door te zetten? Zo niet, wanneer gaan we daar dan duidelijkheid over geven aan ondernemers en werknemers?", freget Keamerlid Steven van Weyenberg. Hy seit mei klam dat in oantal regeling ek ôfrint "op of rond 1 januari. Gaan we die dan verlengen?"