Stil yn de doarpshûzen: "Mear as it skaken is der net"

03 nov 2020 - 06:32

It is stil yn de measte Fryske doarpshuzen. De measten binne hielendal ticht en in pear binne noch mar beheind iepen. De Jister yn Twizelerheide iepenet de doarren noch ien jûn yn de wike foar in groepke skakers. "Salang't dat noch kin, dogge we dat", seit behearder Piet de Jong. "Fierder is der neat."

Behearder Piet de Jong fan doarpshûs De Jisker - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Der sit moandeitejûn in lyts groepke. Dy wolle graach trochsette, fertelt De Jong. Fan it simmer wiene der noch krekt wat mear aktiviteiten: "We ha noch in kear country hân en wat dûnslessen. Dat meie we no ek net. Dus mear as it skaken is der net, dit is it iennige wat we dogge."

It smyt ek soargen op, want der komt gjin jild mear binnen. "Sûnt maart ha we gjin bûssinten mear. We wurde net subsidiearre troch de gemeente. We draaie hielendal op ússels." Gewoanwei sit der hoareka yn de grutte seal en is der boppeyn it gebou noch in jeugdhonk. "Mar dat is no ek ticht."

Ik soe it net graach misse wolle. We ha fierder ek neat.

Ien fan de skakers yn Twizelerheide

No dus allinnich in groepke fan in man as seis. "We ha wol twivels hân", fertelt foarsitter Herman de Vries fan skaakklup Tinke en Sette. "Mar we ha it bepraat en de measten wolle wol trochgean. De sfear is der wol wat út, mar goed, we kinne skake." In oar slút him dêrby oan. "Ik soe it net graach misse wolle. We ha fierder ek neat. It is in 'uitje'."

Benaud foar mear maatregels

De Jong hopet op goed nijs út de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn, mar hy rekkenet der net op. "Ik hoopje dat se ús wat lucht jouwe, mar ik bin benaud fan net. Dan kin dit ek net mear trochgean."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn it doarpshûs fan Twizelerheide

(Advertinsje)
(Advertinsje)