PODCAST: 'It firus en ik' mei it ferhaal fan Wouter van Geffen

03 nov 2020 - 06:30

De tredde edysje fan de Verhalenavond dy't opset is yn it Kulturele Haadstêdjier, kin dit jier fanwegen it coronafirus net trochgean. It tema fan de ferhalejûn dit jier soe 'it firus' wêze, mar yn stee dêrfan bringt Omrop Fryslân dizze wike de podcastrige 'It firus en ik'. Fiif dagen lang binne der persoanlike ferhalen te lêzen oer de gefolgen fan it coronafirus op soarchmeiwurkers of minsken dy't soarch krije. Dit is it twadde diel: it ferhaal fan longdokter Wouter van Geffen fan it MCL.

Rêde sy it wol of rêde sy it net? Dei yn, dei út, is dat wat longdokter Wouter van Geffen sjocht yn it MCL. Hy fertelt in ferhaal oer in âlder pear dat by him op 'e ôfdieling komt. Earst de man, letter de frou. Beide hawwe sy it coronafirus. De man moat oerpleatst wurde nei de intensive care.

Wouter skrikt as letter de frou ek binnenbrocht wurdt en makket him soargen wannear't de behanneling net goed genôch oan liket te slaan. Hy wit dat sy net sterk genôch is om nei de IC te kinnen. "De haastige kus, een lief gebaar. Afscheid nemen in de gang. Zullen ze elkaar weer zien?"

Berjochten fan it front

Wouter van Geffen woe graach meidwaan oan de ferhalejûn. "Dat ik hier nu zit te vertellen is natuurlijk niet gebruikelijk maar wel belangrijk om zo te laten zien wat er gebeurt. Dat is voor veel mensen niet zichtbaar". Earder krige er al lanlike bekendheid om't hy meidie oan it telefyzjeprogramma Frontberichten. Foar it programma moast hy sels filmje en fertelle wat der doe, yn dy earste weach, barde yn it sikehûs.

Leaver die hy it programma net, mar nedich wie it al. Oer de twadde coronaweach, dêr't wy no midden yn sitte, hat er grutte noed, it is slimmer as de earste. "Het zou fijn zijn als we de controle kunnen houden." Syn grutte eagen sjogge earnstich. Hy is foar himsels stranger as wat de regels foar no foarskriuwe. Hy hat hast gjin kontakt mei freonen en famylje.

12 fan syn 18 kollega's hawwe it firus al hân. Wouter hat him ek al ferskate kearen teste litten, noch altyd mei negatyf resultaat. Mar hy hâldt der rekken mei dat ek hy it krije sil. "Het is een kwestie van tijd", sa seit er.

Doen wat je kunt doen. Het wordt vanzelf weer zomer.

Wouter van Geffen, longdokter yn it MCL

As hy thúskomt en de wite jas út is, sjocht Wouter mei opsetsin gjin nijsprogramma's. Hy sit alle dagen midden yn it nijs op de longôfdieling. Hy is it nijs. Hy sjocht hoe slim it is, hoe deadlik it firus wêze kin. Begrypt hy dat der ferset is tsjin alle maatregels dy't safolle gefolgen hawwe op de hiele mienskip?

Hy wit dat hy foaral syn kant fan it ferhaal sjocht, dat it foar oaren net sa sichtber is. Dat it ferskriklik is as je op it stuit muzikant of dj binne. Of yn in nachtklup wurkje en je libbenswurk stikken giet. Omdat oaren de regels foar je bepale. Hy begrypt dat hielendal. Mar dochs binne alle maatregels nedich, seit er.

Gjin kontrôle

Hy ferklearret it ferset foar in grut part mei dat wy as maatskippij miskien wol wend binne dat alles 'maakbaar' is. Yn syn wurk mei - somtiden jonge - kankerpasjinten wurdt hy kontinu konfrontearre mei it feit dat je gjin kontrôle oer je eigen libben hawwe kinne. Wy binne net wend dat oaren foar ús beslisse, mar it kin op it stuit net oars. As dokter giet hy ek net oer de te nimmen maatregels, seit er. Syn taak leit yn it sikehûs.

"We ploeteren rustig voort"

It ferhaal oer it pear sketst hoe't syn wurk dei yn, dei út, der oan ta giet. Hoe't er dat folhâldt? Alle dagen wer it maksimale jaan. "We doen het niet alleen. We doen het met een heel team." Fan dokters oant skjinmakkers. Dan kinne je ek stipe byinoar sykje as dat nedich is. Wouter sjocht nei it positive, dat wat goed giet, dat wat wurket. "Doen wat je kunt doen. Het wordt vanzelf weer zomer. Tot die tijd ploeteren we rustig voort."

De Verhalenavond waard foar it earst holden yn 2018, foarôfgeand oan de iepening fan it Kulturele Haadstêdjier. Op ferskate plakken yn de provinsje koe elkenien in ferhaal fertelle. Dit jier soe op freed 6 novimber de tredde edysje wêze, mei as tema 'it firus'. Heal oktober waard lykwols dúdlik dat it net ferantwurde wie om minsken op te roppen om byinoar te kommen en hat de organisaasje it beslút naam it net trochgean te litten. De essinsje fan de jûn wie inoar moetsje en live ferhalen fertelle en dêrom bringt Omrop Fryslân dizze wike de podcastrige It firus en ik. Fiif dagen lang is elke dei in persoanlik ferhaal oer de gefolgen fan it coronafirus op soarchmeiwurkers en minsken dy't soarch krije.

Moandei die Auke Swart in oade oan syn frou Wike, dy't yn it begjin fan de earste coronaweach ferstoar. Woansdei sil Nicolien Wolfs fan Jeugdhulp Friesland har ferhaal 'Ynpakke hoecht net' dwaan. Alle fiif ferhalen kinne harke wurde op omropfryslan.nl/podcast en de bekende podcastkanalen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)