Fûgelgryp ferspriedt him hieltyd rapper oan de Fryske waadkust

De fûgelgryp dûkt hieltyd mear op yn it gebiet oan de Fryske waadkust. Der binne de ôfrûne dagen hast twahûndert deade fûgels oantroffen, rûchwei yn it gebiet tusken Swarte Haan en De Lauwersmar. De ferwachting is dat dat oantal de kommende tiid noch fierder oprinne sil.
Fûgelgryp
Foar it wykein waarden op It Amelân al meardere pauguozzen fûn dy't besmet wiene mei de fûgelgryp. De ôfrûne dagen binne ek in soad deade fûgels oantroffen yn it gebiet by Ferwert, Holwert en Ternaard. It giet dêr yn totaal om sa'n 170 deade fûgels. Sels in stik fierderop yn Dokkum waarden twa swannen oantroffen mei fûgelgryp.
Moandeitemiddei kamen meardere organisaasjes byinoar om te oerlizzen oer de fûgelgryp, lykas de Feilichheidsregio, it Wetterskip en It Fryske Gea. Ek de gemeente Noardeast-Fryslân waard dêr op 'e hichte brocht, om't dêr in soad deade fûgels oantroffen binne. Konkrete maatregels tsjin de fûgelgryp yn Fryslân binne lykwols noch net bekend makke.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Ien fan de gebieten dêr't yn dizze tiid in soad fûgels sitte, is it Noarderleech: de kwelder by Hallum en Marrum. It is in gebiet dat behearmeiwurker Uulco Hoekstra fan It Fryske Gea goed ken. Hy hat yn it Noarderleech dizze dagen al in soad deade fûgels fûn, benammen pauguozzen.
"Ofrûne snein binne der yn it Noarderleech mear as tweintich fan dy deade guozzen fûn", fertelt Hoekstra. "En dan haw ik de deade smienten noch net iens meiteld. Dat is fertochte, dat der safolle fûgels by elkoar ferstjerre. As it groepkes binne, dan wiist dat faak op de fûgelgryp. Ek as de deade fûgels de kop hingje litte."
Behearmeiwurker Uulco Hoekstra fan It Fryske Gea
Dat der al safolle deade fûgels fûn binne, kin betsjutte dat de fûgelgryp him al in hiel ein ferspraat hat yn it kustgebiet. Foar in drokbesocht guozzegebiet as it Noarderleech is dat min nijs, neffens Hoekstra. "Der komme tûzenen guozzen hjir yn de winter. It giet om hege oantallen, dêr wolle je dan eins gjin fûgelgryp ha. De gryp kin him sa hiel rap ferspriede."

"Net skealik foar minsken"

Neffens de NVWA, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, dy't guon deade fûgels ûndersocht hat, giet it om it H5N8-firus. Dit type fûgelgryp is net skealik foar minsken, mar wol tige besmetlik foar fûgels. De NVWA is op dit stuit dwaande mei it yn kaart bringen fan it krekte ferspriedingsgebiet, om't de fûgelgryp al in skoft op meardere plakken yn Nederlân opdûkt.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
De gemeente dêr't yn Fryslân oant no ta de measte deade fûgels oantroffen binne, is Noardeast-Fryslân. Neffens boargemaster Johannes Kramer is it dan ek saak om wach te bliuwen. "Wy krije in hiel soad meldingen fan deade fûgels yn ús gebiet. It is nuodlik, en dizze fûgelgryp is tige besmetlik. Ek foar de plomfeehâlders yn ús gebiet is it saak om der goed om te tinken."
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân
Der is sûnt oardel wike al in lanlike ophokplicht foar kommersjele plomfeebedriuwen. It advys is ek oan eigeners fan hobbyfûgels om de bisten ôf te skermjen, sa't der gjin kontakt is mei wylde wetterfûgels of harren stront.