Jouster Kevin Bakker wurket gear mei Major Lazer: "Dit is waar je jaren voor werkt"

02 nov 2020 - 22:30

Jouster Kevin Bakker liket in gouden plaat yn hannen te krijen. De 23-jierrige producer wurke mei oan it nûmer 'Bam Bam' fan de Amerikaanske groep Major Lazer, dat al hast twahûnderttûzen kearen besjoen is op YouTube.

It duo Tribal Kush: Kevin Bakker en Allymar Maduro - Foto: Tribal Kush

It nûmer 'Bam Bam' fan Major Lazer, French Montana en Beam is ferline wike útkaam op it album Music Is the Weapon. Kevin Bakker levere, tegearre mei Allimar Maduro, mei wa't hy it dj-duo Tribal Kush foarmet, in bydrage oan sawol de produksje as it skriuwen fan it nûmer.

De Jouster wie al langer aktyf yn de Amerikaanske muzykwrâld. "Ik ben al een hele tijd bezig in Amerika om dingen te schrijven voor andere artiesten, en nu kwam deze track op mijn pad, die hebben ze toen gebruikt voor het album."

It nûmer stiet op Major Lazer-album Music Is the Weapon - Foto: Major Lazer

Tusken it momint dat Bakker de muzyk makke hat en dat it nûmer útkaam is, siet hiel wat tiid. "Daar zijn eigenlijk al twee jaar overheen gegaan sinds ik de instrumentals heb gestuurd. Ik kreeg ergens in februari het bericht, 'we hebben French Montana erop gezet', dat is één van de grootste rappers uit Amerika."

Oan 'e keukentafel

Bakker skreau de muzyk thús, gewoan oan 'e keukentafel. "Deze productie heb ik thuis aan de keukentafel gemaakt met een koptelefoon, laptop en een keyboardje. Dan is 'ie al bijna klaar. Dan stuur je hem op en dan gaat er heel veel tijd overheen, dan zeggen ze ineens: 'het staat op het album, dat komt later dit jaar uit.'"

Grutte kâns

Bakker is optein dat hy no mei sa'n grutte groep gearwurkje kin. "Dat is waar je jaren voor aan het werk bent, zoiets groots, in je kamer in Joure. Ik werk veel in Nederland, maar dit is wel de eerste hele grote kans. Ik denk dat dit wel mijn eerste gouden plaat gaat worden", seit Bakker.

Hy ferwachtet dan ek dat de gearwurking mei Major Lazer in opstapke wêze kin. "Ik denk dat dit me wel meerdere opdrachten gaat opleveren. Ze hebben me ook al uitgenodigd in Miami om daar te gaan schrijven voor andere artiesten en om mijn eigen DJ-act door te zetten."

De Jouster soe dit jier al nei de Feriene Steaten, mar dat koe troch de coronakrisis net trochgean. "Ik heb net dit jaar een nieuwe deal getekend in Amerika, een publishing deal. Het plan was om dit jaar ernaartoe te gaan en te produceren met een heleboel artiesten."

Kevin Bakker

(Advertinsje)
(Advertinsje)