CDA tsjinnet plan yn om greidefûgels te beskermjen

02 nov 2020 - 21:35

Der moat in ein komme oan de efterútgong fan de greidefûgelpopulaasje yn Nederlân. Dat fynt it CDA. De partij hat in plan yntsjinne yn de Twadde Keamer foar it beskermjen fan de greidefûgels, sa as ús nasjonale fûgel: de skries.

Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Yn de inisjatyfnota stiet dat de efterútgong fan de greidefûgels foaral komt troch ûntwikkelings yn de lânbou, it ôfname fan it leefgebiet fan de fûgels en it gruttere tal rôfdieren.

Om de fûgels te beskermjen wol it CDA ûnder oaren dat de natoergebieten wêr't greidefûgels komme, optimalisearre wurde. Dat kin bygelyks troch gersfjilden mei in ferskaat oan krûden werom te bringen yn de gebieten, wat ûnder oaren betsjut dat der minder donge wurde moat. Ek wol de partij dat in diel fan it gerslân in diel fan it jier ûnder wetter set wurdt.

'Vogelgestuurd' meane

Fierder wol de partij dat by boerebedriuwen dy't dêr romte foar ha oanpassings dogge yn harren bedriuwsfiering. Sa moat der bygelyks 'vogelgestuurd' meand wurde. Sa kin foarkaam wurde dat nêsten ferlern gean.

Boppedat moat der neffens it CDA mear oan it behearskjen fan rôfdieren wurke wurde. Yn Fryslân waard alris sa'n soarte proef dien mei it fangen en deadzjen fan ien fan dy rôfdieren, de stienmurd. Doe die bliken dat der mear pykjes útkaam binne.

Trefwurden: 
greidefûgels skries CDA
(Advertinsje)
(Advertinsje)