Selstraf easke tsjin Vegan Streaker foar brânstichting by eineslachterij

02 nov 2020 - 21:19

It Iepenbier Ministearje hat tritich moannen sel easke, wêrfan acht moannen ûnder betingst, tsjin in bekende diere-aktivist dy't earder yn Stiens wenne, fanwegen brânstichting by in eineslachterij yn Ermelo. Op 28 maaie giene dêr trije trailers en in frachtwein yn flammen op, in waach-hok rekke skansearre. In tal wenningen yn de buert moasten ûntromme wurden. De aktivist stiet bekend as de Vegan Streaker.

Foto: Omroep Gelderland

De man melde him nei de brân by de plysje en ferklearre dat de brânstichting bedoeld wie as statement tsjin it slachtsjen fan einen, sa seit it Iepenbier Ministearje. Hy seit pasifist te wêzen en te stean foar gelike rjochten foar minske en dier. Neffens justysje hat de man de brânstichting fan novimber 2019 ôf taret. Hy soe in auto regele hawwe en in foarferkenning útfierd hawwe. Neffens it IM hat de aktivist "door middel van geweld zijn levensovertuiging over het voetlicht proberen te brengen".

It IM bestimpelet de brânstichting as selsrjocht. De man "creëert chaos", sa seit de offisier fan justysje, "laat het recht van de sterkste prevaleren, en zaait angst. Hij zet de bijl aan de wortel van de rechtsstaat."

By de ûnderbouwing fan de strafeask naam it IM mei dat de man in strafblêd hat, dat de skea grut is (likernôch 475.000 euro) en dat minsken "in het holst van de nacht uit hun woning zijn gehaald".

De rjochtbank docht op 16 novimber útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)