PSV-direkteur belle mei Booy: "De situatie komt plausibel over"

02 nov 2020 - 20:27

Foeke Booy, de technysk manager fan SC Cambuur, hat alle begryp foar de ôfsizzing fan de kompetysjewedstriid tusken syn klup en Jong PSV Eindhoven. De wedstriid waard moandei op it lêste momint skrast waard fanwegen coronabesmettingen by PSV. Booy krige moandei oan it ein fan de moarn telefoan fan John de Jong, de technysk direkteur fan PSV. "Hij heeft de situatie uitgelegd en komt plausibel over", seit Booy.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik heb alle begrip voor de ernstige situatie waarmee PSV moet dealen", seit Booy. "Ik mag hopen dat wij niet in zo'n situatie gaan belanden." Jong PSV hat te krijen mei tolve coronabesmettingen, wêrfan't der fiif op snein bekend waarden.

Op it momint dat de ôfsizzing bekend waard, stie Cambuur op it punt om ôf te reizgjen nei Noard-Brabân. Trainer Henk de Jong hie leaver sjoen dat PSV op snein al kontakt opnaam hie mei Cambuur. "Dêr baal ik fan", sei De Jong earder op moandei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)