CNV-foarsitter Fortuin: 'Lit dy net troch dyn wurkjouwer wjerhâlde corona-app te brûken'

Guon wurkjouwers ferbiede harren personiel om de corona-app te downloaden of oan te setten. Se binne benaud dat by elke melding fan de app harren wurknimmers tsien dagen kwyt binne oan karantêne. Mar wurknimmers ferbiede sa'n app te brûken, dat kin fansels net fynt Piet Fortuin, foarsitter fan fakbûn CNV.
© Omrop Fryslân
CNV hat al tsientallen meldingen krigen fan wurknimmers dy't fan harren baas de app net brûke meie. Dy bedriuwen sizze neffens Fortuin dan: "Op it momint datsto in melding krigest, moast yn karantêne en wy binne in lyts bedriuwke. Dus as twa of trije wurknimmers yn karantêne sitte, dan moatte der útstjoerkrêften komme of moat de produksje omleech. Dat binne allegearre ekstra kosten. Dus set dy app mar net op de telefoan of negearje it ast in melding krigest."

Telefoan eigen eigendom

Neffens Fortuin hat de wurkjouwer dêr lykwols neat oer te sizzen. "Juridysk sjoen is dy telefoan dyn eigen eigendom, dus watsto op dy telefoan setst, watfoar apps. Dat giet de wurkjouwer net oan. Juridysk sjoen hat de wurkjouwer gjin saak, mar der spilet fansels ek morele druk mei. Op it momint dat de wurkjouwer, benammen yn lytse bedriuwkes, seit doch it mar net en negearje it mar. Dan wurdt it wat lestiger", seit Fortuin.
"Minsken moatte altyd sels by harren sels te riede gean wol ik wol oft net dy app derop sette. It giet fansels wol om folkssûnens." Fortuin fynt dat in wichtige saak. "Dus ik soe my nea troch in wurkjouwer wjerhâlde litte", sa seit Fortuin.
Piet Fortuin, foarsitter fan CNV