Burgumers wenje samar yn Garyp: "Wy woene in stuntsje útfiere""

It mystearje fan de plaknammebuorden fan Garyp is oplost. It wie in inisjatyf fan in freoneploech út it doarp dat op in sneontejûn ûntstien is. Yn dizze stille coronatiid bart der neat en hoe aardich soe it dan wêze op Garyp even goed op 'e kaart te setten, sa tochten se.
© De Vries Media
"We sieten efkes yn de kroech, en hiene it deroer dat der hjoed de dei net folle aksje nijs is. Sadwaande kamen wy tot de konklúzje dat wy ris in stuntsje útfiere woene, sadat Garyp op de kaart komme soe", fertelt Janco de Vries fan de freoneploech. Hy fynt de aksje goed slagge. "It is aardich slagge, as wy sjogge hoe't de media it oppakt hat."
Om te soargjen dat it as ferrassing kaam, giene se midden yn 'e nacht oan 'e gong. "We ha it dus op in let tiidstip dien, sadat elkenien al op bêd lei en de oare moarns yn Garyp wekker waard."

Plan omdraaid

Op guon plakken gie it lykwols net hielendal sa't De Vries hope hie "By guon doarpen rieden der al minsken dy't tochten 'dit litte wy samar net ta', dy ha de stikkers derôf helle. Sy ha it plan omdraaid en ha de stikkers yn Garyp wer opplakt."
Janco de Vries