Boargemaster De Vries oer hege tal besmettingen yn SWF: "Krije finger der net efter"

02 nov 2020 - 18:19

It begjint hieltyd mear op te fallen: de gemeente Súdwest-Fryslân docht it net al te bêst sjoen it tal oprinnende coronabesmettingen. Fan alle 135 gefallen dy de ôfrûne 24 oeren yn de provinsje fêststeld binne, is in tredde part (45) konstatearre yn Súdwest Fryslân. "We sykje foar in ferklearring hoe dit kin, sadat we aksje ûndernimme kinne. Dêroer hawwe we goed kontakt mei de GGD. Mar we krije de finger der noch net efter wêr't it him no yn sit", seit boargemaster Jannewietske de Vries.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"It is reedlik ferspraat oer ús gemeente. Der is gjin sprake fan klusters fan besmettingen. En it is ek ferspraat oer leeftiidsgroepen. Dus der is gjin finger efter te krijen", seit De Vries.

Dat makket it lestich om der wat oan te dwaan. "We dogge der fan alles oan en dat dogge we yn hiel Fryslân. We sette ekstra yn op hanthaving. Der ha we oerlis yn mei boa's en de plysje. We sette se foaral yn op groepkes jongeren, en supermerken en boumerken. Wêr't in soad minsken komme. Der ha we goede ôfspraken oer. Ien kear warskôgje, dernei in boete. Der sitte we dus strak op", seit De Vries.

Neffens de boargemaster hâldt de grutste groep minsken yn Súdwest-Fryslân him gewoan oan de regels. "Sa'n 90 persint snapt dat we ús hjir oan hâlde moatte yn dizze faze", seit se. "Mar dochs bliuwe wy de oprop dwaan om minsken harren oan de maatregels hâlde te litten."

Boargemaster Jannewietske de Vries

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

(Advertinsje)
(Advertinsje)