Fersmoarge grûn âlde NAM-boarputten op It Amelân wurdt oprêden

02 nov 2020 - 17:52

Yn de dunen by Hollum op It Amelân is úteinset mei de sanearing fan trije lokaasjes dêr't de NAM earder aktyf west hat. Dy fersmoargingen binne yn 1964 by it boarjen nei gas ûntstien en om't it al sa lang lyn is, is net de NAM ferantwurdlik foar it opromjen, mar Rykswettersteat.

Foto: Google Maps

"It is in grutte en bysûndere operaasje", leit Jan Visser fan Rykswettersteat út. "It bart bûtendyks, yn de dunen. De fersmoarging is al mear as fyftich jier lyn bard yn trije boarputten. Der moat no dus in grutte partij grûn ferset wurde." It giet net om seekearende dunen.

De druk om te sanearjen yn it natuergebiet wie minder heech omdat der net boud wurdt, mar Rykswettersteat wol net dat it lizzen bliuwt en dêrom wurdt it no oanpakt. As kompensaasje foar de ôfgroeven grûn komt der nij sân, dat al earder dellein is.

Visser tinkt dat it wurk twa moannen duorret. "De fersmoarge grûn sil mei hûnderten frachtweinen ferfierd wurde. Earst wurdt it opslein yn de Ballumer Bocht en letter mei skippen ôffierd. "We dogge it wurk mei sin bûten it toeristeseizoen en briedseizoen om sa min mooglik oerlêst te jaan."

Fan de trije putten is besletten om ien as saneamde stokûle yn te rjochtsjen, dat is goed foar de floara en fauna.

Jan Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)