Kampanje 'Ik ben Wil' smyt hast 16.000 euro op

De kampanje dy't omtinken jout oan de sykte fan Alzheimer 'Ik ben Wil' hat sawat 16.000 euro opsmiten. Sintraal yn de kampanje stie it ferhaal fan de famylje Vogt fan Dokkum, fan wa't mem Wil de sykte hat. Fan har wiene grutte foto's te sjen en der wiene ferhalen oer it libjen mei alzheimer te lêzen op in webside.
© www.ikbenwil.nl
Mei de aksje waard de ôfrûne seis wiken jild ophelle foar trije lokale inisjativen om de sykte fan Alzheimer draachliker te meitsjen. Ien dêrfan is de oanlis fan in belibbingstún yn Talma Hûs yn Feanwâlden, dêr't minsken mei alzheimer wenje.
Wil Vogt hat de kampanje op ôfstân folge. De fotoshoot foar de kampanje wie in 'uitje', mar ek yntinsyf. "Ik vind het zo mooi dat zoveel mensen hebben bijgedragen om de ziekte wat draaglijker te maken voor wie het overkomt. Ik moet er veel van huilen, maar ben tegelijk zo blij met wat er nu is gebeurd. Daar ben ik heel dankbaar voor."