Noordelijk Film Festival yn noed oer oankundige maatregels; safolste tsjinslach

02 nov 2020 - 16:24

Neist teäters en musea moatte bioskopen nei alle gedachten aanst twa wiken lang de doarren slute. Dat is ien fan de maatregels dy't útlekt is dy't tiisdeitejûn bekend makke wurde by de parsekonferinsje fan premier Rutte. Hoe komt it dan mei it al 'útklaaide' Noordelijk Film Festival?

Bioskoop - Foto: Shutterstock.com

Foar de organisaasje fan it festival, dat takom wike los soe, is dat in flinke tebeksetter.

Programmeur Fredau Buwalda hâldt noch in lyts 'sprankje hoop' want it beslút is noch net offisjeel nommen. "As it echt sa is, is it wol hiel soer. We ha der in soad tiid en enerzjy ynstutsen en we wolle de films graach diele mei de minsken. Ik bin oant no ta de iennige dy't alle films sjoen hat en ik bin benijd wat oaren derfan fine."

Earder al gie de drive-in op it plein foar it Fries Museum yn Ljouwert al oer en wienen de films net mear te sjen yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert, mar ferspraat oer bioskopen yn de provinsje. "We ha al hiel wat tsjinslaggen hân en konsesjes dwaan moatten."

Untspanning is belangryk

Neffens Buwalda binne de films yn dizze tiid belangryk. "It kin wat ûntspanning bringe, kultuer is belangryk yn dizze deprimearjende tiid. Minsken kinne har yn de bioskoop ûnderdompelje yn in oare wrâld. En we kinne de films op in feilige manier presintearje. Oant no ta hat noch net ien besmetting nei bioskoopbesite te lieden west."

Nei de parsekonferinsje sil de organisaasje om tafel mei de oare belutsen partijen om te sjen net wat de mooglikheden binne.

Fredau Buwalda

Nije coronamaatregels foar musea, teäters etc.

(Advertinsje)
(Advertinsje)