Plysje hâldt nettsjinsteande eardere sukses op mei coldcasekalinder

De plysje hâldt op mei de coldcasekalinder. Op dy kalinder steane misdriuwen dy't nea opheldere binne. De kalinder waard de ôfrûne fjouwer jier útdield yn finzenissen, tbs-kliniken en by de reklassearring. De plysje hope sa tips te krijen oer de coldcasesaken.
© plysje
Der stiene alle jierren ek saken op dy't yn Fryslân spylje, lykas de fermissing fan maresjaussee Sicco Kuperus fan Ljouwert, en Simone de Laat, dy't ein jierren tachtich dea fûn waard yn har hûs yn Ferwert.
Yn stee fan in kalinder besjocht de plysje no per saak wat de bêste manier is om omtinken te freegjen foar in saak dy't nea opheldere is. De plysje tinkt dat dy oanpak konkretere ynformaasje opsmyt.