Kick Out Zwarte Piet kundiget nije aksjes oan tsjin Swarte Pyt

De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet komt mei nije aksjes tsjin Swarte Pyt. Dat sei foaroanman Jerry Afriyie by in sitting fan de Raad van State oer de lanlike yntocht fan Sinteklaas trije jier lyn yn Dokkum.
Jerry Afriyie by de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Afriyie fjochtet yn Den Haag it needbefel oan fan de boargemaster fan Dongeradiel, dat der foar soarge dat bussen mei anty-swarte-pytdemonstranten weromstjoerd waarden. Neffens Afriyie makke de boargemaster it him en syn meistanners ûnmooglik om te demonstrearjen, wat wol in grûnrjocht is.
In wurdfierder fan de boargemaster sei dat it needbefel krekt bedoeld wie om de anty-pyt-demonstranten te helpen. "Het was niet tegen hen gericht, maar bedoeld om te voorkomen dat er allerlei gespuis zich tussen het publiek zou begeven."
De rjochtbank fûn dat fan it optreden fan de boargemaster juridysk neat doogde. It wie gjin needbefel, mar in needferoardering, sei de rjochtbank earder. De Raad van State sjocht no nei dy útspraak.
Watfoar plannen de anty-swartepytaktivisten ha, meitsje se ynkoarten bekend, seit Afriyie. Dy is yn alle gefallen net te sprekken oer de Grize Piten, dy't de Stichting Sinterklaasintocht Ljouwert yn de holle hat by optredens fan Sinteklaas.