Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer siket nei langstme fan 2021

02 nov 2020 - 15:20

Teäter De Koornbeurs ropt minsken op om in gedicht of ferhaal oer harren langstme foar 2021 yn te stjoeren. Mei 'Het verlangen van 2021' wol it Frjentsjerter teäter in nijjiersfoarstelling meitsje mei in ferskaat oan keunstners.

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

It projekt freget minsken om in gedicht of in koart ferhaal te skriuwen oer wat se graach wolle of winskje foar 2021. In sjuery fan trije saakkundigen sil fiif fan dizze gedichten of ferhalen útkieze, dy't se by in profesjonele artyst ûnderbringe. "De minsken dy't harren stik ynstjoerd hawwe krije ek de kâns om harren ferhaal of gedicht foar te dragen by de foarstelling", fertelt Titia Huisman, direkteur fan De Koornbeurs.

Kontakt lizze

Mei it projekt hopet De Koornbeurs kontakt te lizzen mei it publyk. Derby is it teäter fansels bedoeld om artysten in poadium te jaan, dat se mei dizze aksje ek berikke. Fan de kombinaasje fan dizze twa wurde de artysten neffens Huisman tige entûsjast. "Je witte fan tefoaren echt net wat je krije." De fiif artysten krije ien fan de fiif winnende ferhalen tabedield, en ha dan in moanne de tiid om in foarstelling op har eigen fakgebiet, dûns, sang, toaniel, klassike muzyk of sânkeunst, te meitsjen. "Yn jannewaris foegje wy dat gear yn ús nijjiersfoarstelling."

Mei-inoar opspylje

It teäter hopet dat ek jongeren harren oansprutsen fiele om mei te dwaan. "Mei dizze aksje hawwe minsken direkt ynfloed op hokker keunst der makke wurdt." Der binne al aardich wat ferhalen en gedichten ynstjoerd, dy't neffens Huisman tige ferskillend binne. "De keunstner mei ek dwaan wat hy of sy wol. Dat wurdt in spannend 'samenspel'," aldus Huisman.

Titia Huisman, direkteur fan De Koornbeurs

Meidwaan kin fia de webside fan De Koornbeurs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)